Gjin strafblêd mear foar praatsje oer de hage

septimber 11, 2020 10:32

Salang’t de feilichheidsregio’s de needferoardering hanthavenje, is it yn Nederlân ferbean om tichter as oardel meter by in oar te kommen, útsein as dy oar in húsgenoat is. It bliuwt sa dat oertrêders in boete krije kinne, mar sokke moatte net langer in strafblêd krije, is it betinken fan de regearingspartijen yn ‘e Twadde Keamer. No kinne twa buorlju dy’t in praatsje oer de hage meitsje, in strafblêd krije, wat it bygelyks dreech makket om in ferklearring fan goed hâlden en dragen fan ‘e gemeente te besetten, wylst guon wurkjouwers sa’n ferklearring easkje foardat se ien yn tsjinst nimme.

As it oan de trije fraksjes leit, wurdt de boete ferlege fan 360 nei 99 euro. Dat bedrach leit yn in oare boetekategory en sokke boeten wurde net byhâlden yn it strafregister.

Oft der fluch in needwet komt dy’t it mooglik makket dat de Ryksoerheid tydlik ferboaden of ferplichtings ynfiert dy’t yngeane tsjin de grûnwet, is net dúdlik. Benammen de VVD en D66 wolle dat soks op syn heechst trije moanne kin ynstee fan in healjier, sa’t it regear wol. De SGP is der benammen op tsjin dat de minister fan folkssûnens grûnwetlike frijheden weinimme kin sûnder dat de Twadde Keamer dêryn behelle wurdt.

septimber 11, 2020 10:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.