Gitarist Eddie Mulder & fotografy fan Rosita da Lima yn Koarnjum

septimber 10, 2020 08:18

“De oardelmetersesjes”, sneontejûn 26 septimber 2020

De pleatslike Kommisje Jelsum Koarnjum (S.A.F.T.) organisearret yn de fraaie Nikolaastsjerke fan Koarjum sneontejûn 26 septimber ‘De oardelmettersesjes’. Dêr spilet gitarist Eddy Mulder en dêr is fotografywurk fan Rosita da Lima te sjen.

Gitarist Eddie Mulder waard berne op 26 april 1959 yn Rotsterhaule, Fryslân. Al fan jongs ôf oan hie hy in sterk muzikaal gefoel. Fan syn sechde ôf waard de gitaar in wichtich ynstrumint yn syn libben. Earst kaam dat troch syn klassike gitaarlessen fan leararen as Piet Grin, Roel Slofstra en Andries Lubach. Stadichoan waard er byskaafd ta in gitarist mei in deeglike muzikale ûndergrûn.

Foto: © Bob de Boer Produkties

Mulder hâldt trouwens noch hieltyd o sa fan klassike gitaarmuzyk. Doe’t er in jier of fjirtjin wie kamen lykwols de earste popbands yn byld. Mei dêrtroch wie it gau dien mei  syn gitaarlessen, mar letter is er dêr wer mei trochgien en dat is goed te hearren op al syn solo CD’s.

Eddie Mulder en Rosita da Lima (foto: © Bob de Boer Produkties)

Yn de begjinjierren santich waarden bands as Pink Floyd, Yes, Genesis, Gong, Steve Hillage en Gentle Giant syn favoriten. Dat is eins altyd sa bleaun, hoewol’t er ek syn muzikale hoarizon ferbrede troch te priuwen oan ûnder mear de Ierske folk, jazz, wrâldmuzyk en new age. Mulder waard yn de begjinjierren tachtich profesjoneel muzikant yn de band Avenue en kaam dêrtroch ek yn oanrekking mei it koverjen fan alle muzykstilen dy’t je spylje kinne moatte om yn dancings en op feesten optrede te kinnen. Fansels in fantastyske learskoalle yn dy tiid.

Hy begûn ek mei sesjewurk yn muzykstudio’s, lykas yn de Facesound Studio fan Joop van der Linden op ’e Lemmer. Yn de njoggentiger jierren wurke er ûnder oare yn Dútslân. Dêrnei sleat er him oan by it akoestyske gitaartrio French Connection. Dy groep waard tige bekend troch de Frysktalige single ‘Iselmar’. Dêr wûnen hja yn dy tiid it festival Liet mei.

Fan ein 2000 ôf bringt er ek syn foarleafde foar symfoanyske en progressive rock yn de praktyk mei syn kreative ynbring yn Flamborough Head, Trion en Leap Day. Tsjintwurdich spilet er ek mei sjonger Jos Harteveld yn it duo Two Faces. Dat duo hat al in pear kear in optreden jûn yn húskeamerteater De Wier en komt it kommende seizoen wer werom, dan yn de Nikolaastsjerke.

Mulder treedt ek in soad solo op yn binnen- en bûtenlân, ek om syn krekt ferskynde CD Beyond The Eye te promoatsjen. En nije komposysjes foar nije CD’s wurde alwer opnommen. Op dizze jûn sil er syn muzyk ‘solo’ spylje yn kombinaasje mei fotoprojeksjes op de eftergrûn. Dy binne makke troch fotografe Rosita da Lima en Mulder sil dêr ek oer fertelle.

It programma begjint om 20.30 oere, doar is iepen om 20.00 oere. Tagongspriis: € 15,- p.p., fergees kofje, tee en… lekkere nútsjes.
Reservearje kin allinne fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of op 06-54763154. Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen yn ’t foar, oars wurde de yntreekosten dochs noch ferrekkene.

septimber 10, 2020 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.