Giet it echt sa goed mei it Frysk?

septimber 18, 2020 10:13

Ynstjoerd

De Fryske Taalatlas 2020, dy’t koartlyn útkaam, is foar deputearre Sietske Poepjes reden om harsels op it boarst te slaan: it soe poerbêst gean mei it Frysk. Mei oare wurden: har belied soe in sukses wêze. De wierheid hat hjir ek in skel lûd, sa’t troch LC-redakteur Fedde Dykstra yn in opinyartikel yn de krante fan 2 septimber dúdlik makke wurdt.

Ik bin it hielendal iens mei him as hy stelt dat it wishful thinking fan Poepjes is. It ûndersyk dêr’t Poepjes har miening op basearret is in flutûndersyk op grûn fan in selsevaluaasje ûnder 22.400 Friezen, dêr’t mar 29% fan de muoite naam om it formulier yn te foljen en op te stjoeren. Sa’n ûndersyk lit jin tinke oan de slachter dy’t syn eigen fleis keurt. Botte represintatyf kin men de hifking net neame, yn alle gefal hie besocht wurde kinnen om de respons te ferheegjen troch de dielnimmers sterker oan te trúnjen. Ik tink dat Dykstra gelyk hat as er stelt dat benammen lju dy’t posityf foar it Frysk oer steane de enkête ynfolle hawwe. De útkomst dat it tal Friezen dat seit aardich Frysk skriuwe te kinnen yn fiif jier oprûn wêze soe fan 35 nei 40% seit nei alle gedachten mear oer it bettere imago fan it Frysk as oer de kwaliteit. Mei troch de aktiviteiten fan de kulturele haadstêd yn 2018 hat Fryslân en dêrmei it Frysk in positiver imago krige en identifisearje Friezen harren dêr leaver mei. Dat is op himsels posityf.

Wylst Frysk wol mear skreaun wurdt, benammen troch de jongerein, is de kwaliteit lykwols sterk efterút gien. Dy wurdt allinnich noch minder as it ûnderwiis net better wurdt. Just op dat punt lit Poepjes it ôfwitte troch skoallen fierstente maklik ûntheffing fan Frysk ûnderwiis te jaan: “foar Frysk moat draachflak by de skoalle oanwêzich wêze.” Tink ris ta dat dat ek foar Nederlânsk jilde soe! Dêrom sis ik, mei in fariaasje op Fedde Dykstra syn wurden: net it Frysk, mar de provinsje Fryslân, dus de ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes hat in skop ûnder de kont nedich om foar goed Frysk ûnderwiis te soargjen!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

 

 

septimber 18, 2020 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.