GGD Fryslân bringt testkapasiteit omheech en bekoartet wachttiid

septimber 25, 2020 19:38

Fan hjoed ôf kin GGD Fryslân deis 1000 yn stee fan 800 minsken mei klachten op it koroanfirus teste. De laboratoaria kinne mear testen oan. Sadwaande kin it firus flugger opspoard wurde en wurdt de wachttiid koarter.

Oars as yn de ôfrûne wiken mooglik wie, wol de GGD dat minsken dy’t klachten hawwe binnen 24 oeren test wurde kinne. De GGD siket nei mear mooglikheden om de kapasiteit te fergrutsjen. Der wurdt no test yn Drachten, Drylts en Ljouwert, mar it is de bedoeling dat der meikoarten twa lokaasje by komme.

It meitsjen fan in ôfspraak moat fia de lanlike nummers: 0800-8101 foar leararen of soarchferlieners mei klachten en 0800-1202 foar oaren mei klachten.

septimber 25, 2020 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.