Gemeentehûs yn Kollum stiet te keap

septimber 21, 2020 08:23

Sûnt woansdei 16 septimber kin der ynskreaun wurde op de ferkeap fan it eardere gemeentehûs fan Kollumerlân c.a. De gemeente Noardeast-Fryslân hat ein 2019 besletten om de amtlike húsfêsting te sintralisearjen yn Dokkum. Dat betsjut ûnder mear dat it kantoar oan de Van Limburg Stirumwei 18 ferkocht wurdt.

Foto: Wikipedia/brbbl – CC BY-SA 3.0

Net inkeld it kantoargebou wurdt iepenbier ferkocht. De monumintale filla Westenstein, de bygebouwen en de gemeentewerf falle ek ûnder de ferkeap. De op it terrein steande brânwachtkazerne falt net ûnder de te ferkeapjen gebouwen. It folsleine te ferkeapjen perseel is sa’n 2,5 hektare grut.

By it beoardieljen fan de biedingen is foar de gemeente in tal saken fan belang. Yn earste ynstânsje is dat it tal arbeidsplakken dat in bedriuw hat. Der wurdt ek in protte belang hechte oan it behâld fan Filla Westenstein en de ynfloed fan it bedriuw op de direkte omjouwing. Fierder is fansels de beane keapsom in wichtige faktor.

It gebou wurdt net yn ien kear oplevere. De gemeente hat noch wurkplakken yn gebrûk oant it stuit dat de útwreiding fan de lokaasje yn Dokkum klear is. Der is bygelyks noch in loket foar boargersaken. De riedsseal is noch yn gebrûk, lykas it argyf. En ek de gemeentewerf bliuwt noch langer yn gebrûk. Dêrom is de oplevering yn fazen.

Sûnt woansdei 16 septimber hawwe belangstellenden fjouwer wike de tiid om yn te skriuwen op de ferkeap. De ynskriuwformulieren en mear ynformaasje oer de betingsten stean op ’e webside fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Nei de neamde fjouwer wike wurde de ynskriuwingen hifke. It resultaat wurdt oan it gemeentebestjoer foarlein. By in akkoart, en as der fierder gjin (fundearre) beswieren ynkomme, kin de keap gund wurde.

septimber 21, 2020 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.