Gau
Resint ferskynd
Boppe Snits leit it gebiet de Lege Geaen. In streek mei in oantal lytse doarpen dy’t in soarte fan keatling foarmje fan Offenwier oant Poppenwier en dêr tuskenyn Goaiïngea, Gau, Sibrandabuorren en Tersoal. Yn ’e midden leit Gau.
Eartiids wennen dêr benammen boeren mei harren bedriuwen, mar hjoed-de-dei wenje dêr in soad minsken dy’t foar in grut part earne oars wurkje. Krekt as yn it boek fan Geert Mak oer Jorwert skreaun wurdt, rint sa’n doarp as Gau, yn ’e rin fan ’e tiid, stadichoan leech wat ynwenners en winkels oanbelanget. Foarhinne wie der noch ien bakker, in blommist en in skoalle en no net mear! De skoalbern geane no nei de Mienskipsskoalle De Legeaën yn Sibrandabuorren, de basisskoalle foar de hiele streek. De slachter wie noch in snuorje yn Sibrandabuorren, dat njonken Gau leit, mar dy is der net mear en it kafee dêr is no ek al ticht.
Yn Gau wenje likernoch sa’n 370 ynwenners en der is noch wol in doarpshûs, dat al in hiel skoft ticht is fanwegen de koroanamaatregels. Dat it mienskipslibben yn sa’n doarp rint dêrtroch rap efterút.

foto © Matthijs Verkuijl
No foel myn each op wat nijsgjirrichs: in boekekast, bûtendoar by nû. 61 fan de Boeijengastrjitte. No’t yn it doarpshûs gjin boeken útliend wurde kinne, lizze se hjir. Bysûnder is de tekst: ‘Jo meie der net mear as trije fergees meinimme en fansels is it doel dat der ek oare of deselde boeken werom komme op in beskaat momint.’ Der stiet in houten bankje by, dat de minsken kinne earst rêstich alles besjen en wat útsykje en út soarte wurdt der gjin misbrûk fan makke, dat it rint goed. In moai inisjatyf dy minybyb, as utering fan in mienskipsgefoel, dat heechstwierskynlik op mear plakken yn Fryslân bestiet.
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje