Fryslân DOK ‘Panorama Koopmans’

septimber 30, 2020 08:49 Fernijd

Yn grutte panorama’s toant de Fryske keunstner Gosse Koopmans syn wrâld mei in eigen werklikheid. Hy sit yn de bêste flow fan syn libben. De lêste fiif jier hat er in hiel eigen wurkwize en styl ûntwikkele. Hy makket grutte panorama’s, opboud út losse ûnderdielen. Se toane de wrâld fan de keunstner, dy’t oerienkomt mei de werklikheid, mar mei in oar perspektyf. Yn Fryslân DOK nimt dokumintêremakker Annet Huisman de sjoggers dêryn mei. Se sjogge syn húskeamer, in mânske bûkebeam of it atelier yn waarme kleuren oaljepastelkryt.

Wurk fan Gosse Koopmans (foto: Omrop Fryslân)

It wurk fan Gosse Koopmans giet oer waarnimmen. Hoe sjogge wy? Hoe kreëarje ús eagen in totaalbyld? Koopmans wol sjen, sjen, sjen, dêryn opgean, en dan: “de ferwûndering fan wat ik yn it libben priuw, trochjaan.”

Gosse Koopmans (foto: Omrop Fryslân)

Han Steenbruggen, direkteur Museum Belvédère seit: “Gosse heeft het kijken naar een plek en het verspringen van het oog, heel goed weten te verbeelden.” Manon Borst, direkteur Museum Martena: “Je denkt: het is puur realisme, maar je wordt op het verkeerde been gezet. Dat geeft een extra laag aan het werk.”

Gosse is de soan fan Klaas Koopmans (1920-2006), Frysk keunstner en lid fan de ‘Yn ‘e line’- groep. Hy wie ferneamd en bemind, mar gjin maklik man. It hat de soan tiid koste om syn eigen paad te finen, mar dat hat úteinlik laat ta dit ferrassende en unike wurk.

De Panorama’s binne yn 2020 te sjen yn Museum Martena yn Frjentsjer: www.museummartena.nl.

Fryslân DOK ‘Panorama Koopmans
Sneon 3 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 4 oktober 13.10 oere) Snein 4 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

septimber 30, 2020 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.