Frysktalich muzikaal stik ‘Rjocht yn ’t hert’

septimber 13, 2020 08:53

De tafel is kreas klearmakke, de kearsen baarne, de keamer is smûk en it hûs oprêden. It wurdt Irene Dorée har lêste jûn en dy moat bysûnder wêze. Har favorite film komt op de telefyzje en dêr sjocht se bot nei út. Noch ien kear genietsje, noch ien kear der hearlik romantysk yn opgean en weidreame. En dan derútstappe. Perfekt. En krekt op dat momint bejout de telefyzje it… Aldergelokst is de teleneedtsjinst der en dy stjoert fuortdaliks syn bêste man: Freddie Postuma. En dan wurdt alles oars…

Foto: Wybo Smids

In demokratyske en muzikale komeedzje yn twa bedriuwen.
Bysûnder detail: de taskôgers bepale hoe’t it ferhaal ôfrint!

Inez Timmer spile yn mear as tritich musicals en produsearret sûnt 2012 har eigen foarstellings. In 2019 hie se har telefyzjedebút yn The Voice Senior en fertsjinne se in nominaasje foar bêste froulike byrol yn in Nederlânske musical. Se is in betûft en alsidich aktrise mei in gouden stim.

Thijs Meester blonk út yn ûnder oare Elk Sines, De Wylde Boerinne, Master Gysbert en Het Kollumer Oproer (mei Syb van der Ploeg). Omrop Fryslân engazjearre him as poppespiler en akteur. Mens erger je niet is de titel fan syn earste soloprogramma. As sjonger is er ek in grutte ferrassing.

Premjêre: 18 oktober 15:00 oere te Aldskou.
By de foarstelling wurdt rekken holden mei de foarskriften fan it RIVM.
Boekingen en ynformaasje: info@ineztimmer.de.

septimber 13, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.