Fryske fespers yn Ljouwerter Gruttsjerke

septimber 23, 2020 09:01

Sneintejûn 27 septimber sil yn Ljouwert in Frysktalige fesper holden wurde. Dat sil om 19.00 oere wêze yn de Grutte of Jakobiner tsjerke.

Ljouwert hat in lange tradysje mei Frysktalige fespers. Dy waarden foarhinne ien kear yn ’e moanne yn de Waalske tsjerke holden. Fan ’e maitiid makken de koroanamaatregels dat ûnmooglik. Der hat noch wol, op 28 juny, in digitale fiering west.

Om de tradysje fuort te setten hat de wurkgroep besletten om út te wiken nei de Gruttsjerke oan de Bredeplaats 4. Dêr binne de koroana-regels better yn acht te nimmen, al is it wol saak dat minsken dy’t de fespers meifiere wolle har foarôf melde op fryskefesper@gmail.com of telefoanysk op nûmer 06-5133 4778.

Yn de fiering fan kommende snein is ds. Ulbe Tjallingii fan Easterbierrum de foargonger en Jant van der Weg út Ljouwert de lektor. It oargel wurdt bespile troch de fêste oargelist fan de Gruttsjerke, Gerwin Hoekstra, en fierdere muzikale meiwurking is der fan Kwintet Fokaal.

Op 25 oktober en 22 novimber wurde ek wer fespers holden.

septimber 23, 2020 09:01
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe septimber 23, 15:29

    Gruttsjerke, watfoar Dúts ding is dat?

  2. B septimber 23, 18:02

    Krekt as grutfeint, lytsfeint en jongfaam? Sa Dútsk is dat no ek wer net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.