Fryske Anjer 2020 foar De Kast

septimber 10, 2020 08:40

De Fryske band De Kast kriget dit jier de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Kommissaris fan de Kening, ek foarsitter fan it Kultuerfûns Fryslân, Arno Brok rikt de priis op 9 desimber út by in offisjele gearkomste yn Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Dy jûns wurdt ek de Talintpriis foar oanstjoarmjend talint foar it earst útrikt. It publyk kin oant 23 septimber talintfolle popmuzikanten as kandidaat foardrage.

De muzikanten fan De Kast sette har – mei lytse ûnderbrekkingen – al mear as tritich jier yn foar de (Fryske) popmuzyk. De sjuery seit mei klam dat De Kast net allinnich in protte hits skoard hat, mar ek in wichtige bydrage levere hat oan it útdragen fan de Fryske taal en identiteit, sawol lanlik as ynternasjonaal. Yndividueel ferfolje de leden in opfallende en belutsen rol yn de Fryske mienskip, sawol op it mêd fan kultuer as fan natuer.

Sjonger-frontman Syb van der Ploeg: “Wy binne tige bliid mei dizze priis yn ús jubileumjier en sjogge it as in bekroaning foar ús oeuvre en de spesjale projekten dy’t wy yn Fryslân en dêrbûten dien ha.”

Mei de Fryske Anjer earet it Kultuerfûns Fryslân alle jierren in persoan, feriening of ynstelling dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de Fryske kultuer of natuer. De priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan € 5.000. De spjelde is makke troch ûntwerper en edelsmid Theo van Halsema.

Talintpriis
Foar it earst dit jier wurdt neist de Fryske Anjer ek in Talintpriis útrikt. De priis wurdt dit jier yn gearwurking mei Fryslân Pop takend oan in talintearre persoan of groep dy’t in bysûndere, artistike prestaasje levere hat yn ’e popmyzk en potinsje hat in suksesfolle karriêre temjitte te gean. It publyk kin fia in e-mail oan frieseanjer@cultuurfonds.nl persoanen of groepen foardrage. De foardracht moat foarsjoen wurde fan in motivaasje. Oanmelde kin oant en mei 23 septimber oansteande. It bestjoer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns kediist dêrnei op advys fan in sjuery oer de úteinlike winner. De winner wurdt op 9 desimber bekendmakke by de útrikking fan de Fryske Anjer en kriget € 1.500.

Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns is besiele pleitbesoarger fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen stimulearret it fûns bysûndere inisjativen en talint. As ynspirator fan hjoeddeisk mesenaat jout it fûns partikulieren, stiftingen en bedriuwen ûnôfhinklik en deskundich advys oer filantropy. It Prins Bernhard Kultuerfûns hat tolve provinsjale ôfdielingen, ûnder oare it Kultuerfûns Fryslân.

septimber 10, 2020 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.