Frysk Museum ynspiraasjeboarne efter nije muzyk Kovacs

septimber 2, 2020 08:49

Art Rocks-ambassadeur Kovacs lansearre ferline wike har nije nûmer ‘Mata Hari’, ynspirearre troch it dûnskostúm fan de ferneamde Friezinne út de kolleksje fan it Frysk Museum. De lansearring wie ek it startskot foar Art Rocks, de grutste Nederlânske muzykkompetysje dy’t muzyk en oare keunsten byinoar bringt. Muzikanten út alle sjenres en fan alle nivo’s wurde útdage om har ynspirearje te litten troch keunstwurken en histoaryske objekten út fyftjin ferskillende musea. Meidwaan kin o/m 1 novimber 2020.

Sharon Kovacs (foto: Art Rocks/Frysk Museum)

Foar de fyfde edysje fan Art Rocks skreau sjongeres Sharon Kovacs in liet by it dûnskostúm fan Mata Hari. “In earbetoan”, seit Kovacs, “oan de frou dy’t fassinearret troch it mystearje dat om har hinne hinget en de wize hoe’t se sa tragysk oan har ein kaam. In frou dy’t eins hielendal net fan dy tiid wie. Hja liet har ynspirearje troch ferskate dûnseressen út it easten dêr’t se dan wer har eigen unike draai oan joech, eat dat ik ek graach yn myn eigen muzyk hear. Al mei al de juste yngrediïnten foar nijsgjirrige muzyk, wat my oangiet.” ‘Mata Hari’ wie foar it earst te hearren by de Uitmarkt 2020. In ferslach dêrfan waad sneon 29 augustus op NPO 2 útstjoerd. It nûmer is ek te beharkjen op de webside fan Art Rocks.

Masterlessen ferskes skriuwe yn it Frysk Museum
Op snein 13 septimber organisearret Art Rocks mei Popsport in masterles ferskes skriuwe yn it Frysk Museum. By de fergeze les wurde dielnimmers stipe yn harren skriuwproses troch ambassadeur S10. Hja foarsjocht de muzikanten fan tips. Dielnimmers krije ek in wurksjop keunstsjen fan de treners fan Popsport.

Art Rocks
Muzykkompetysje Art Rocks daget muzikanten út om in nûmer te skriuwen basearre op in keunstwurk út de kolleksjes fan de dielnimmende musea. Dit jier pakt Art Rocks grutter út as ea: foar dizze fyfde edysje binne mar leafst fyftjin musea oansletten, ûnder oare it Frysk Museum. Foar muzikanten is de kompetysje in unike kâns om assosjaasjes en emoasjes dy’t de selektearre keunstwurken oproppe, te fertalen nei muzyk.

Meidwaan
Muzikanten út alle sjenres kinne oant en mei 1 novimber 2020 in nûmer ynstjoere. Elkenien fan fjirtjin jier ôf kin meidwaan, fan amateur oant profesjoneel muzikant en fan solo-artyst oant tolvekoppich orkest. Wol moat der rekken mei holden wurde dat de (technyske) mooglikheden foar it optreden yn in museum beheind binne. Ut alle ynstjoeringen selektearret in faksjuery 98 acts dy’t by de museumomgongen live yn ien fan de fyftjin musea spylje meie, neist it keunstwurk dat sy keazen hawwe. De acht bêste acts stride dêrnei yn ’e finale yn poppoadium Paradiso yn Amsterdam om de titel en in jildpriis fan tûzen euro.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan it Frysk Museum (www.friesmuseum.nl) en Art Rocks (www.artrocks.nl).

septimber 2, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.