Frysk Museum iepenet útstalling oer online propaganda fia livestream

septimber 29, 2020 08:43

Op sneon 10 oktober om 17.00 oere iepenet it Frysk Museum fia in livestream de nije útstalling Constant Dullaart: This Unjust Mirror. It wurk fan Dullaart (Leiderdorp, 1979) draait om online reklame, propaganda en sabeare akkounts op sosjale media, tema’s dy’t no aktueler binne as ea. De iepening is digitaal by te wenjen fia friesmuseum.nl, friesmuseum.common.garden en YouTube.

Constant Dullaart (foto: Sebastiaan ter Burg)

Yn ferbân mei de koroanamaatregels is de kapasiteit yn it Frysk Museum beheind. Dêrom iepenet it museum syn digitale doarren en nûget elkenien út om de feestlike iepening fan de útstalling Constant Dullaart: This Unjust Mirror út ’e hûs wei by te wenjen. Om 17.15 oere traapje Kris Callens (direkteur fan it museum) en Hanne Hagenaars (kurator fan de útstalling) de iepening ôf. Fan 17.30 oere ôf ljochtet de keunstner syn eigen wurk ta yn in digitale rûnlieding troch de sealen. De livestream wurdt fersoarge troch Ljouwerter mediaburo Hatogkrøller.

De útstalling is ek sels digitaal te ûntdekken fia de Common Garden-software. Sa kin it publyk de livestream besjen, firtueel by de wurken lâns rinne en der mei oare besikers fia de mikrofoan oer meiprate. Constant Dullaart ûntwikkele de software sels foar iepeningen yn tiden fan Covid-19. De útstalling is fan 10 oktober ôf digitaal te sjen fia friesmuseum.common.garden.

This Unjust Mirror
It wurk fan Dullaart (Leiderdorp, 1979) draait om it ynternet. Syn wurk reflektearret op de bredere sosjale en kulturele effekten fan de manipulative kanten fan nije media. In nij gedicht fan Dullaart, basearre op de wurden fan it personaazje Lord Henry Wotton út It portret fan Dorian Gray fan Oscar Wilde, is de basis fan de útstalling. De eksposysje nimt de besiker mei ferskate ynstallaasjes mei op in aventoerlike reis yn ’e dûzeljende wrâld fan online propaganda, sabeare nijs en sabeare folgers. Wat is echt en wat is net echt op it ynternet? En wannear is it wurk fan de keunstner? Mei syn eksposysje yn Ljouwert presintearret Dullaart syn earste museale soloútstalling.

Constant Dullaart
Constant Dullaart is in eardere residint fan de Ryksakademy yn Amsterdam. Dullaart wennet en wurket yn Berlyn, dêrneist wurket er geregeld yn Amsterdam en is er ûnderdiel fan de Rapid Response Residency fan Eyebeam yn New York. Yn 2015 ûntfong er de Prix Net-Art, de ynternasjonale priis foar ynternetkeunst. Syn wurken waarden toand yn MCA, Chicago, Whitechapel Gallery Londen, Schirn Kunsthalle Frankfurt, Import Projects Berlin, Utah Museum of Contemporary Art, ZKM Karlsruhe, Victoria & Albert Museum London en MAAT Lisbon. Dullaart hat ferskate útstallingen gearstald en dosearre oan universiteiten en akademys yn hiel Europa.

septimber 29, 2020 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.