Frisisten fan alle lannen, ferienje jim!

septimber 17, 2020 12:07

Skôging troch Marc van Oostendorp

Ik haw boeken lêzen dy’t my útskroevener fan wille kraaie litten hawwe as de bondel De takomst fan de frisistyk, dy’t gearstald is troch trije foaroanstaande frisisten en dy’t de teksten befettet fan lêzingen dy’t ferline jier op in sympoasium op de Fryske Akademy holden waarden.

It giet net goed mei it wittenskiplik bestudearjen fan it Frysk. Ja, der binne noch wat heechleraren oan de universiteiten fan Amsterdam, Grins, Utert en Kiel dy’t de tinte draaiende besykje te hâlden, mar studinten hawwe se net of amper. Trochdat dat sa is, is ûndúdlik oft der oer sa’n tsien of tweintich jier sels noch minsken binne dy’t dy heechleararen opfolgje kinne. De Fryske Akademy ferkeart al jierren yn krisis en it slagget mar net om út de saad wei te kommen. As der no neat bart, is it ringen ôfrûn.

Mar opjaan

Frisisten fan alle lannen, ferienje jim! Mar út de bydragen oan de bondel blykt eins neat fan dy urginsje, en faaks dêrtroch liket der ek amper nei in oplossing socht te wurden. In protte fan de stikken jouwe in opsomming fan hoe’t it besteande ûnderwiis op it stuit ynbêde wurdt yn de universitêre programma’s, dus dat giet fan stúdzjepunten hjir en bestjoersôfspraak dêr – net krekt de termen dêr’t it Fryske bloed fan begjint te brûzen, sieden en bûnzjen troch de ieren.

Dy’t wat oars wolle as burokratyske oplossingen, neame harsels óf al reaksjonêr (fuort mei modieuze fratsen as it ûndersyk nei meartalichheid, hoera foar de stúdzje fan de Fryske ynfinityf), óf se hawwe net folle mear te melden as dat de jongerein it sels mar útmeitsje moat – jongerein dy’t der net is.

Koartsein, alles ropt de yndruk op as witte se it allegearre ek net mear, en jouwe se it by foarried al op.

‘Suver’ Frysk

Wylst it folslein dúdlik is dat de stúzdje fan it Frysk fan grut belang is foar elkenien dy’t Nederlân begripe wol. Dat jildt taalkundich – wy witte dat wat we no Nederlânsk neame foar in belangryk part foarme is troch yntinsyf kontakt tusken (benammen) Frankyske en Fryske dialekten. Dat jildt kultureel – der is hjir yn de njoggentjinde iuw (neidat it earder in pear kear isolearre besocht wie) in lytse mar nijsgjirrige letterkunde ûntstien, dy’t hiel sterk troch de Nederlânske beynfloede is, mar dêr dochs in eilantsje yn foarme, en in pear grutte dichters as Obe Postma en Tsjêbbe Hettinga oplevere hat. En it jildt, jawol, ek foar it grandioaze eksperimint yn meartalichheid dat de Fryske mienskip is.

De Nederlânske kultuer hat altyd ien west fan ferskaat – om dat te begripen hat gjin inkelde stúdzje safolle doel as krekt dy fan it Frysk. Hoe geane we om mei dat ferskaat? Kin men ek Nederlanner wêze as men yn it deistich libben in oare taal sprekt? Of as men gedichten skiuwt yn dy taal? Bestiet der in ‘suver’ Nederlânsk of in ‘suver’ Frysk? Hokker rjochten jouwe we dejinge dy’t him útdrukke wol yn syn memmetaal? Hoe slagget it minsken om op it alderheechste nivo mei-inoar te kommunisearjen yn twa ferskillende talen? En hoe wurke dat yn it ferline?

Yngeand ûndersyk

Ik wol boppedat net fuortdaliks pleitsje foar ynfiering fan it Frysk op alle skoallen foar fuortset ûnderwiis yn it Keninkryk, mar dat it yn Fryslân bestiet is in ding fan belang – boartsjendewei komme learlingen dêr mear te witten oer soksoarte saken. En om dat bestean te litten hawwe we dosinten nedich, en dy moatte oplaat wurde, en moatte der oanhâldend dingen útsocht wurde.

Allinne al om dy redenen mei de frisistyk net ferlern gean. It soe net allinne in ferlies foar de Fryske mienskip betsjutte – in minderheid dy’t ek noch hieltyd wol wat stipe brûke kin – mar foar de hiele Nederlânske mienskip. Der is in enoarme skat oan kennis sammele dy’t noch hieltyd, nee, dy’t just no fan grutte wearde is; en der is in enoarme hoemannichte nije ynsichten te winnen yn yngeand ûndersyk fan dat allegearre.

Treastleas burokratysk paad

Wy hawwe in ûnbidigen protte te ferliezen. Wy steane op it punt om in ûnbidigen protte te ferliezen. Men soe ferwachtsje dat der moard en brân skreaud wurdt, mar yn De takomst fan de frisistyk is dêr neat fan te fernimmen.

Op de foarkant in foto fan in ferkearswei. It is sûnder mis de meast treastleaze wei fan de hiele provinsje Fryslân: it asfalt leit der kreas by, der leit gjin smoargens yn de berm, rau is de rook fan it gers, de wei giet grif earne hinne, mar it is de fraach oft we dêr wêze wolle. It boerd oan ’e kant fan de dyk seit net ‘wolkom’ mar ‘oant sjen’. Dat is karakteristyk foar de toan fan it boek – dat in treastleas burokratysk paad sketst nei de ûndergong.

Dizze skôging is oernommen fan Neerlandistyk (https://www.neerlandistiek.nl/2020/09/frisisten-aller-landen-verenigt-u/). De oersetting is fan de redaksje fan It Nijs. De bondel De takomst fan it Frisistyk is útjûn troch Frysk Ynstitút RUG/Stifting FFYRUG.
Marc van Oostendorp is ûndersiker oan it Meertens Instituut (KNAW), heechlearaar oan de Radboud Universiteit en haadredakteur fan Neerlandistiek.
septimber 17, 2020 12:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe septimber 17, 14:40

    Moai stik. Der binne oars, noch hieltyd, wól inisjativen yn de frisistyk. Dy hawwe lykwols meast in ‘tafallich’ – persoanlik – karakter en it is yndie hiel hurd nedich dat it ‘offisjele’ sirkwy nije ympulsen krijt. Dêrta is it nedich, in needsaaklik betingst, dat de provinsje folle mear war docht as tsjintwurdich it gefal is om banen te skeppen foar ôfstudearre frisisten. Dat hoecht net perfoarst op syn Keynesiaansk, it kin gewoan troch it Frysk syn rjochtlik plak te jaan yn funksje-easken. Provinsjale Steaten?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.