Frâns Kuipers: Trijetalich ûnderwiis nedich foar fuortbestean fan it Frysk

septimber 13, 2020 08:29

Kollum

It giet poerbest mei it Frysk, blykt út de Taalatlas 2020. Tachtich persint fan de 6500 dielnimmers oan de dy ‘taalhifking’ binne it Frysk machtich, fine se sels. Se kinne Frysk prate, lêze en skriuwe. CDA-deputearre Poepjes is hartstikkene bliid. Mar men kin de klok derop lyk sette: sa maklik komt deputearre Poepjes der net ôf. Genôch foer foar Fryske taalkritisy.

Skop ûnder de kont
Fedde Dykstra, redakteur fan de Ljouwerter Krante, komt ta in folslein oare konklúzje (LC 2-9-20). Hy skriuwt dat alle ynwenners fan Fryslân in skop ûnder de kont fertsjinne, yn stee fan in skouderklopke. In grut part fan ús Steateleden fertsjinnet yndied in skop ûnder de kont. Dy ferhippe it – ferdomme it, soe’k hast skriuwe – om yn it Frysk te sprekken en te skriuwen. Frysktalige stikken moatte, om harren temjitte te kommen, yn it Hollânsk oerset wurde. Dêrom alle hulde foar Kommissaris Arno Brok, dy’t, as it heal kin, altyd en oeral Frysk praat en skriuwt. Hy fertsjinnet in ekstra skouderklopke. Wat sil er glimkje.

Ald-haadredakteur fan de LC Rimmer Mulder, hat net safolle wurdearring foar de positive útkomst fan de Taalatlas 2020 (2-9-20). Hy fynt de ‘fluchhifking’ (fluthifking, fk) neat mear as in suksesferhaal fan deputearre Poepjes. De positive sifers hawwe gjin betsjutting foar it behâlden en ferbetterjen fan it Frysk. Henk Wolf (dosint Frysk NHL Stenden) skriuwt yn de Ljouwerter Krante (11-9-20) folle mylder oer de útkomsten fan Taalatlas 2020. Tagelyk fynt er ek dat it provinsjaal taalbelied foar it Frysk net genôch opsmyt. Der sil justjes in pear skeppen boppe op moatte.

Jongerein oan set
Rimmer Mulder sil, as (nije) foarsitter fan stichting Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (BMD-F) yn ’e mande mei Willem Verf, takomme maitiid mei 18- oant 30-jierrigen yn petear. It tema is: Is der wol of gjin takomst foar it Frysk? As âld-foarsitter fan BMD-F, bin ik fan betinken dat dy ‘jongereinpetearen’ hiel wat oars of de helte mear opsmite sille as eardere profesjoneel útfierde ûndersiken. https://www.itnijs.frl/2020/07/opstap-nei-de-brede-maatskiplike-diskusje-oer-it-frysk/

Underwiis oan set
As Steatelid (1992-2007) en as foarsitter BMD-F (2009-2018) fûn (en fyn ik noch altyd) dat it behâld fan it Frysk – ek literêr en keunstsinnich – yn it foarste plak dellein wurde moat by it ûnderwiis. Foarming en ûntwikkeling begjint fan ûnderen op. It Frysk soe eins yn in ‘goede miks mei oare talen’ opnommen wurde moatte yn lesprogramma’s fan alle soarten skoallen en opliedingen. Net hjir en der in oerke Frysk. Underleine en betûfte learkrêften – it leafst mei in ekstra betelle foech foar it Frysk – kinne it ferskil meitsje. Beropsfriezen dy’t och sa harren bêst dogge, sille net safolle berikke. Harren falkûle is dat se de fuortgong fan it Frysk behinderje troch algeduerigen krityk te spuien.

Polityk oan set
It Ryksregear en de Fryske polityk moatte beide ree wêze om foldwaande jild beskikber te stellen foar it Frysk yn it ûnderwiis (en foar kultuer en keunst). Tagelyk soene politisy dat belied sels ek útstalle moatte. Dêr kinne Arno Brok en Sietske Poepjes en hjir en dêr in Steatelid of Keamerlid net allinne foar soargje.

Trijetalich ûnderwiis oan set
In probleemke foarmet de ymport. Nije ynwenners, allochtoanen út oare streken, provinsjes of út it bûtenlân – want dêr set de provinsje op ’t stuit fol op yn – moatte yn Fryslân en yn it ûnderwiis net it gefoel krije dat it Frysk as taal wichtiger is as it Hollânsk of it Ingelsk. Oeral yn Fryslân trijetalige skoallen soe eins de noarm wurde moatte. In moai tema foar de jongerein dy’t yn petear geane mei de BMD-F? Ik bin benijd nei de útkomst.

septimber 13, 2020 08:29
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ekoed septimber 13, 16:13

    Aardich ferhaal……

  2. Froukje septimber 16, 14:20

    Trijetalich ûnderwiis. It hie allang wêze moatten!!!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.