Foardielich it hûs isolearje is populêr
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Hoe hjit de dei dat alles wer normaal is? 2
Mear as hûndert Fryske ynwenners hawwe sûnt augustus in Enerzjybesparliening Fryslân oanfrege om harren hûs te isolearjen. Mei-inoar ynvestearje húseigners 1,4 miljoen euro yn it duorsum meitsjen fan harren wente. Ofset tsjin de rest fan Nederlân groeit yn Fryslân it oantal oanfragen. Sûnt augustus jout de provinsje in koarting fan 0,5% op de rinte fan de liening.
Deputearre Sytske Poepjes (enerzjy), wethâlder Jelle Zoetendal (gemeente It Hearrenfean) en Fiona Hamberg (Warmtefonds) lokwinsken de famylje Dayan-Karaman fan It Hearrenfean freed mei de earste Fryske Enerzjybesparliening. De húseigners brûke dy liening om harren wente better te isolearjen, sadat de enerzjyrekken leger wurdt en it wenkomfort omheech giet.
Mear Fryske oanfragen
It Nasjonaal Waarmtefûns stelt de Enerzjybesparliening beskikber. Fan 1 augustus oant 16 septimber krige it fûns 104 oanfragen út Fryslân, 6,5% fan it totale oantal yn Nederlân. Fan jannewaris o/m july siet it Fryske oanpart op 4,8%. In stiging fan 35%. Ut alle Fryske gemeenten binne oanfragen kommen, útsein fan de fjouwer Waadeilannen. De liening is oan te freegjen fia www.energiebespaarlening.nl/fryslan.
Subsydzje
Njonken de liening jout de provinsje sûnt juny in oanfolling op de Subsydzje Enerzjybesparring Eigen Hûs. Dêr is ek in lytse stiging yn it tal oanfragen te sjen. Sjoch op www.rvo.nl/subsidie-en-financieringswijzer/seeh.
No ynvestearje
De provinsje wol mei in ynvestearring fan 5,2 miljoen euro de ynwenners oanmoedigje om no foar bygelyks spoumuorre-isolaasje, flierisolaasje of heechrendemintglês te kiezen. Alle enerzjy dy’t dêrmei besparre wurdt beheint de útstjit fan broeikasgassen. Fryske bou- en ynstallaasjebedriuwen profitearje dêr ek fan as sy it duorsum meitsjen fan de huzen útfiere meie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje