Film: 75 jier Betinking Slach by Warns

septimber 27, 2020 10:39

Sneon organisearre de Stifting Slach by Warns omreden fan de koroanagoarre gjin betinking. As alternatyf hat it stiftingsbestjoer in koart telefyzjeprogramma gearstald mei as titel 75 jier Betinking Slach by Warns. Dat waard sneon om 13.45 oere útstjoerd op Omroep Súdwest. It programma giet oer eftergrûn en ûntstean fan de Warnsbetinking yn 1945. Lykas yn 1345 – 600 jier earder – is it doel gelyk: opkomme foar eigen rjochten. It giet neffens de stifting om lykweardichheid en lykberjochtiging fan taal, kultuer en skiednis yn ûnderwiis en in normale funksje yn it iepenbiere libben. Yn it programma komme fragen oan ’e oarder oer it wêrom en de funksje fan in betinking mei bylden fan it monumint op it Klif, muzyk en lietsjes. Krityk op de opset fan de tradisjonele betinkingen wurdt ek net mijd.

It programma, dat likernoch 10 minuten duorret, is hjirûnder te besjen.

septimber 27, 2020 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.