Fideo: Jouster Toer wer kompleet

septimber 16, 2020 18:36

It ferfier fan de nije toerspits út Snits wei nei De Jouwer gie oer it wetter (boarne Omrop Fryslân)

It weromsetten fan in spits op de Jouster Toer hat rûnom it nijs helle; lokaal, provinsjaal en sels lanlik. Sjoch bygelyks de websiden fan de Jouster Krante, Omrop Fryslân én de NOS. Op de facebookside Ik bin in Jouster omdat… is de operaasje fan alle kanten troch belangstellenden yn byld brocht; bytiden o sa fraai.

Besjoch hjirûnder de reportaazje dy’t de lokale stjoerder Radio Spannenburg der juster oer makke. Dêrûnder stean boppedat filmferslaggen oer earder wurk oan de toer en it meitsjen fan de nije spits op in wurkpleats yn Snits.

De âlde spits is hast twa jier lyn al fuorthelle. De ferfanging hat folle langer duorre as ynearsten tocht waard, om’t it net maklik wie om de sinten der foar byinoar te swyljen. Gemeente De Fryske Marren hat nei in skoft redendielen twa ton beskikber steld en foar omtrint noch in ton is lang om let oare stipe fûn.

 

septimber 16, 2020 18:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.