Ferfrjemding

septimber 6, 2020 07:02

Oertinking

Troch de iuwen hinne binne der yn ûnderskate situaasjes en útinoar rinnende (stam)ferbannen alderhande ûntwerpen betocht oer it ûntstean fan de ierde en de sin fan it libben. Animistyske folken ûntwurpen harren ideeën oer machten bûten de minske om. Troch tsjinstbetoan en nederichheid koe it dy machten nei ’t sin makke wurde. Sûnder dat der in stimpeltsje ‘God’ op lein waard, wiene de minsken har bewust fan de grutme fan de skepping en de neatigens fan it ierdske dêryn.

Stadichoan kamen der minsken dy’t it ferlet fielden om wat se as Swiid belibben yn te kaderjen, en sa kamen der alderhande (s)timpeltjes. Der ûntwikkelen har ferskate teoryen oer in bûtenierdske macht, faak ynjûn troch persoanen dy’t it Ljocht sjoen of de ferljochting ûnderfûn hiene en sa ek erkend waarden. Der ûntstiene religys, faak keppele oan de woartels fan de stamferbannen (oerlevering en tradysje).

It spul fan it tinken groeide, faak besletten yn de feilichheid fan de eigen groep, út ta ienfoarmichheid. Der waard foarskreaun op hokker wize tocht wurde moast en hoe’t rituelen spile wurde moasten, alles autorisearre troch ‘hillige boarnen’.

Yn relaasje ta oanbeane bestimming fan it eigen folk, ta grutte eare en gloarje fan wat yn it hjirneimels komme soe, rekke de bûntens fan de frijheid fan tinken en wêzen hieltyd mear op de eftergrûn. Ferskate ûntwerpmodellen befrearen en dêrmei ferdwûn de dynamyk fan de frije gedachte en dy fan de boartsjende en spyljende minske.

Sa ûntstiene grutte ‘religy-yndustryen’, dy’t inoar besochten te oertsjûgjen fan it sicht op de werklikheid. Aloan mear rekken de minsken fan harren eigen gelyk oer oarsprong en sin fan it libben oertsjûge, om sa – neffens in fêstruste idee it bêste mei oaren foar te hawwen – út ynbylding wei te hanneljen.

Allinne as de eagen fan oaren iepene waarden, soe it libben op ierde yn leafde en harmony fierder evoluearje kinne. Mear en mear groeide it besef om ynfloed op de tinzen en ideeën fan meiminsken te krijen. Der leine ommers enoarme kânsen en mooglikheden mei dy Macht – uteraard ta wolwêzen fan elkenien – om de kwaliteit fan libjen yn ekonomysk opsicht better ta syn rjochte komme te litten.

Lykwols, yn de waan fan it gelyk late dat allegear ta it inoar de rêch takearen. De frijheid fan leauwen en meiminsklikeid kaam dêrtroch ûnder druk te stean.

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch

septimber 6, 2020 07:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.