‘Fear yn ’e broek’ foar trije skoallen op It Hearrenfean

septimber 30, 2020 15:00

Woansdeitemiddei – op de earste dei fan de berneboekewike – waarden op It Hearrenfean trije skoallen yn it sintsje set. Dat barde op inisjatyf fan Boargeraksjegroep Sis Tsiis yn boekhannel Binnert Overdiep. Sis Tsiis stekt de basisskoallen de Buitenkans en de Hoeksteen en vmbo-skoalle Nordwin College in fear yn ’e broek foar harren ynset foar goed Frysk ûnderwiis. Dy skoallen springe der mei harren hege A- en B-profilen op It Fean út.

De bern iepenen in spesjale berneboekewike-etalaazje en skriuwer Geart Tigchelaar lange de skoallen in oarkonde en in pakket Fryske boeken oer. Dy boeken mochten de skoallen sels útsykje.

It doel fan it inisjatyf is om mear omtinken foar Frysk ûnderwiis te freegjen. Okkerdeis is út Europa wei it Nederlânske regear nochris mei klam oproppen om mear oeren Frysk op skoalle te jaan. Dit jier is it fjirtich jier lyn dat it Frysk op skoalle in ferplichte fak waard. Hast trijekwart fan de skoallen docht dêr lykwols noch hieltyd te min oan. Boargeraksjegroep Sis Tsiis ûntlient dêr syn bestean oan. Op 1 desimber 2018 is krekt sa’n aksje yn Ljouwert holden en it doel is om oare kearnen dêr’t it Frysk it dreech hat, mei te tiid ek oan bar komme te litten.

Tagelyk mei de aksje waard troch de aksjefierders ek in enkête ôfnommen oer it Frysk op skoalle. Dy enkête kin https://sistsiis.frl ek ynfollle wurde.

septimber 30, 2020 15:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. wim septimber 30, 18:11

    wat is eins it doel foar 2030, yn heal fryslân a-profil? Of ferskjilt dit per regio?

  2. Cor Jousma oktober 1, 16:58

    De skoallen hearre – útsein yn Weststellingwerf en op de eilannen – foar 2030 nei in profyl Frysk A ta te wurkjen. Fansels wurdt dêrnjonken yn Eaststellingwerf en op it Bilt ek yn de eigen talen lesjûn.

  3. wim oktober 1, 19:04

    ah, tige tank

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.