Europeeske Kommisje: Ljouwert tige ynnovatyf, mar net Capital of Innovation 2020

septimber 13, 2020 08:44

Ljouwert sleept net de titel European Capital of Innovation yn ’e wacht, mar heart wol by de top tolve fan ynnovatyfste stêden fan 2020 yn Europa. Dat makke de Europeeske Kommisje freed 11 septimber bekend.

Ofbylding: Gemeente Ljouwert

Seis finalisten meitsje noch kâns op de titel en 24 septimber beneamt de kommisje ien fan dy stêden ta European Capital of Innovation 2020. Yn augustus waard al dúdlik dat Ljouwert en Grins as iennige twa stêden yn Nederlân in finaleplak fertsjinnen, neist tsien oare Europeeske stêden.

Capital of Innovation-kompetysje
Alle jierren beneamt de Europeeske Kommisje ien stêd ta European Capital of Innovation. De titel giet út nei de stêd dy’t bewize kin dat dy yn dat jier it meast brûst fan ynnovaasje. Dat kin wêze troch in hiel ynnovatyf projekt dat yn in stêd ûntstien is, mar ek troch in unike wize fan (gear)wurkjen oan ynnovaasje te hantearjen. De stêd dy’t mei de titel útpykt giet, wint dêrneist in bedrach fan ien miljoen euro. De nûmers 2 oant en mei 6 winne elk € 100.000.

Friso Douwstra, wethâlder kennis en ynnovaasje: “Spitigernôch binne we bûten de prizen fallen, mar ik bin grutsk op it resultaat dat foaral de ynnovative ûndernimmers, kennisynstellingen en -ynstituten yn ’e stêd berikt hawwe. Wy sille fierder mei it útbouwen fan ús ynnovaasje-ekosysteem. Lokwinsken oan de seis winners!”

Ferhaal fan Ljouwert
Ljouwert hat as middellytse rurale stêd sûnder universiteit in manier fûn om dochs ta de top fan ynnovearjende stêden yn Europa troch te kringen. Op de ferskate kampussen yn ’e stêd (de WetterKampus, Dairykampus, Enerzjykampus en RUG Kampus Fryslân) wurkje ûndersikers mei ûndernimmers gear oan it betinken fan ynnovative produkten op tema’s dy’t by de identiteit fan Ljouwert hearre: wettertechnology en suvel.

Ljouwert en de provinsje Fryslân jouwe de kampussen in protte romte om dy ynnovaasjes yn it echt te testen, de saneamde Living Labs. De stêd as in kampus, de regio as in libben lab. Op dy wize kinne ynnovaasjes dy’t op de kampussen ûntstien binne, fluch test en perfeksjonearre wurde, om dêrnei op ’e merk brocht te wurden. Om it noch uniker te meitsjen: de ûndersyks- en ynnovaasjeaginda fan de kampussen wurdt mei bepaald troch de ynwenners fan Ljouwert: hja hawwe nammentlik de Blue Delta-ambysje (in sûne en duorsume regio mei in bloeiende ekonomy) bepaald op debatjûnen yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2028. Dy Blue Delta-ambysje is in paadwizer foar de kampussen en de gemeente.

De kombinaasje fan al dy faktoaren blykt tige suksesfol en hat al in protte topynnovaasjes ôflevere, lykas Hydraloop, BioTrack, MG Energy Systems, RedStack.

septimber 13, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.