Etyk

septimber 20, 2020 07:00

Oertinking

Martin Buber (*1) hat ris skreaun dat de leafde it bynmiddel is yn de ‘Ik-Do’relaasje: Leafde is ferantwurding fan in Ik foar in Do. En pas yn de leafde fan de minske foar syn meiminske – relatearre oan de leafde ta God – moat it komme ta tsjinstberheid foarinoar oer. Dan kin der gjin sprake wêze fan ‘hearskjen oer’ of ‘opgean yn’, mar fan ‘ta foldwaan stean’ oan minske en wrâld. It ‘ik-do’gegeven is in modelgegeven foar Buber. Yn in ‘ik-it’relaasje klinkst net mei dyn hiele wêzen troch, wylst it ‘ik-do’patroan primêr op de persoan behelle is.

Emmanuel Levinas (*2) seit dat net alle relaasjes troch in folsleine wjersidigens karakterisearre hoege te wurden of derop rjochte wêze moatte om dat nei te stribjen. Moat dat altyd? In mienskip is der ommers min neffens te oarderjen. Yn de ‘ik-do’ferhâlding hat men de oanstriid om jin fan de mienskip ôf te sluten en yn de ‘ík-it’relaasje wurdt de oar op ôfstân set.  In goed foarbyld fan de ‘ik-it’ferhâlding fyn ik de rassediskriminaasje.

Tusken de ‘ik-do’relaasje en de ‘ik-it’relaasje moat wat oars sitte. Sa trochtinkend komt Levinas op de ‘ik-Jo’relaasje. Dy ferhâlding jout oan dat men geastlik en materieel ûnbaatsuchtich iepen stiet foar de oar.

De ‘ik-do’relaasje wurdt skaaimerke troch leafde (genede). It ‘ik’ hat de oar nedich. Yn de ‘ik-Jo’relaasje hat de oar dy nedich, do hast de oar net nedich. It ‘ik’ wurdt net sjoen as frijheid, mar as ferantwurdlikheid. Efter it minsklik antlit, it appèl dat de neiste op my docht, docht God in appèl op my (*3).

De westerse minske, sa mient Levinas, hat in allergy foar it oare en de oar. It oare moat ferkend wurden, we moatte der fet op krije, egology. Dat begjint mei it Ik en einiget mei it Ik as de alfa en de omega. Ik tink en Ik kin is it ien en al. Dêr wurdt de oar mei oer de mûle slein. Filosofy moat begjinne by it appèl dat de oar hieltyd wer op my docht. As de filosofy dêrfan útgiet is it etyk.

Yn etysk hanneljen giet it om de takomst, om hjoed stal te jaan oan wat noch net is. Bibelsk besjoen wurdt wat der noch net is, tekene as it keninkryk fan God, as in wrâld dêr’t rjochtfeardichheid wennet, as de tiid fan de sjaloom.

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch

*1 Martin Buber (1878 -1965), filosoof. De weg van de mens, Servire 2006, 9e pr. en Ik en Jij, Bijleveld 2016, 12e pr.
*2 Emmanuel Levinas (1906-1995), filosoof. Het menselijk gelaat, Ambo 2003
*3 It bibelske gebod fan de neisteleafde omfettet net allinne de Israelyt, mar ek de frjemdling; it Hebriuwske rea betsjut sawol ‘neiste’ as ‘de oar’.
septimber 20, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.