Eksperiminteel muzykprogramma op fernijd Liet

septimber 12, 2020 09:04

Muzykevenemint Liet, dit jier yn novimber yn poppoadium Neushoorn, yntegrearret in unyk en eksperiminteel programma yn de besteande sjongkriich foar Fryske lieten. Op it programma steane trije ferrassende duo’s: Iris Kroes en Wander Kars, Huub Prins (Elias Elgersma) en Bobby Choco (Idiott Smith) en ZEA mei DINA meitsje nije Frysktalige muzyk. Liet kundiget teffens in partnership oan mei festival Explore the North.

Liet 2019 yn Neushoorn (foto: Liet)

Fan Frysk sjongfestival nei in gruttere platfoarmfunksje foar Frysktalige muzyk: Liet is folop yn beweging om mear artysten en publyk oan te sprekken mei it Fryske liet. Dat docht it ûnder oaren troch artysten te programmearjen dy’t spesjaal foar Liet nije Frysktalige muzyk skriuwe. Dat programma is foar Liet 2020 rûn en bestiet út trije bysûndere duo’s: harpiste en The Voice of Holland-winneres Iris Kroes wurket mei elektro- en raveproducer Wander Kars (û.o. HuSo en Bastard Sugar). Zea, it soloprojekt fan de Fryske Amsterdammer Arnold de Boer (ek The Ex) spile al yn mear as fjirtich lannen op seis kontininten foaral Fryske muzyk en wurket mei ‘world-indie’ singersong-writer DINA gear. It tredde duo bestiet út Huub Prins (Elias Elgersma fan ûnder oaren The Homesick, Yuko Yuko) mei Bobby Choco (Roy Veenstra, ek Idiott Smith).

De artysten trede tusken de dielnimmers fan de sjongkriich Liet 2020 op en dogge dus net mei om de winst. It programma hat dan ek in oar doel: “Wy sjogge dat it Frysk oan it ferdwinen is út de popkultuer yn ús provinsje”, seit programmeur Koen Haringa. “Dat is skande, want it Frysk is net allinnich in moaie taal foar muzyk, mar it is ek in essinsjeel ûnderdiel fan ús identiteit. Dêrom litte wy no mei dit programma oan oare artysten en nij publyk sjen hoe moai en ryk oft de Fryske taal eins is.”

Liet 2019 yn Neushoorn (foto: Liet)

Explore the North nije partner fan Liet
Underdiel fan it fernijde Liet is ek de gearwurking mei festival Explore the North. It muzykprogramma wurdt ek presintearre op it stedsfestival foar literatuer, muzyk en teater. Mark Hospers fan Explore the North: ‘Yn it festival stelle wy kwaliteit, eksperimint en talint sintraal. Troch it partnerprogramma mei Liet kinne wy no better sjen litte hoe grut oft de skjintme en potinsje fan de Fryske taal yn poadiumkeunsten is, en kinne wy de kommende jierren wurkje oan it ûntwikkeljen fan spannende nije makkers en foarmen yn de Frysktalige muzyk.”

Liet-foarsitter Gerard van der Veer is ek bliid mei de gearwurking: “Explore en Liet sprekke beide in eigen doelgroep wat publyk en artysten oanbelanget. Tiid om inoar better kennen te learen en inoar te fersterkjen op it gebiet fan poadiumkeunsten en Fryske taal.”

septimber 12, 2020 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.