Eigner Telegraaf keapet Ljouwerter Krante

septimber 14, 2020 15:12

De Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd wurde oernommen troch de Flaamske útjouwerij Mediahuis. Dy jout ek De Telegraaf, NRC Handelsblad, Metro en in grut tal Flaamske kranten út, lykas De Standaard.

Net allinne de twa Fryske deiblêden wurde eigendom fan Mediahuis. Dat jildt ek foar de oare kranten fan de NDC Mediagroep. Dat binne in soad lokale en regionale wykkranten, mar ek it Dagblad van het Noorden.

De kranten yn Noard-Nederlân wienen yn de jierren njoggentich noch selsstannich, mar trochdat it tal abonnees hurd tebekrûn, binne se de ôfrûne jierren allegear al fusearre.

De measte kranten yn Nederlân en Flaanderen hearre tenei by Mediahuis of by De Persgroep.

septimber 14, 2020 15:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.