EBLT jout sjenswize en sprekt yn oer Frysk taalbelied by Wetterskip

septimber 22, 2020 12:18

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) hat moandei 21 septimber ynsprutsen by de behanneling fan it Frysk taalbelied by it Wetterskip Fryslân. It EBLT hie in sjenswize by dat beleidsplan yntsjinne. Dy organiaasje is fan betinken dat der wol in skepke boppe-op kin, dêr’t it giet om it kreatyf en linich brûken fan de Fryske taal, njonken it Hollânsk troch de kommunikaasjeôfdieling fan it wetterskip. It Beliedsplan Fryske taal 2020-2024 wol dêr romte oan jaan, mar yn it stik ûntbrekke neffens it EBLT oant no ta konkrete doelstellings.

It wetterskip is frijwat aktyf op ferskate sosjale media lykas Twitter, Facebook en Instagram, mei útinoar rinnende boadskippen oer saken as delslachtekoart, fytse by de Waadkust lâns en de belibbing fan it Woudagemaal. It falt op dat it wetterskip dêr – oant no ta – ientalich by operearret. Krekt as soe der hielendal gjin Fryske taal bestean en soene der by it wetterskip net in soad minsken wurkje dy’t Frysk prate. It beliedsplan Fryske taal 2020-2024 is neffens it EBLT in moaie kâns om in begjin te meitsjen mei in mear eigentiidske meartalige kommunikaasjestrategy mei romte foar Frysk én Nederlânsk.

Yn it beliedsplan dat foarleit wurdt in hiele skerpe streek lutsen tusken it mûnling gebrûk fan it Frysk en skriftlik gebrûk. De skriuwer fan it beliedsstik is foar it earste, mar liket te tinken dat der fan it twadde net folle ferlet is. Dat skerpe ûnderskied is yn ’e eagen fan EBLT âlderwetsk, achterhelle en sels diskriminearjend. Dy organisaasje wiist derop dat yn dizze tiid fan digitale en sosjale media de skieding tusken mûnling en skriftlik folle minder skerp en absolút is as foarhinne. Der binne hjoed-de-dei in soad jongelju yn Fryslân dy’t – mooglik yn kombinaasje mei oare talen – yn it Frysk twitterje, Facebooke en Whatsappe dat it in lust is. De Fryske Akademy hat dêr ûndersyk nei dien en is sels ta de konklúzje kommem dat net earder safolle minsken Frysk skreaun hawwe as no.

Moandeitejûn wie in oardielsfoarmjende kommisjegearkomste. By de folgjende AB-gearkomste op 6 oktober sil der nei alle gedachten in beslút oer it Frysk taalbelied nommen wurde.

Taheakken:
Foarstel AB;
Antwurdnota;
Sjenswize EBLT.

septimber 22, 2020 12:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.