Earste edysje The Trip yn Neushoorn

septimber 26, 2020 08:34

Fan ’t hjerst organisearret popsintrum Neushoorn yn Ljouwert ûnder de neamer The Trip in rige minyfestivals yn gearwurking mei ferskate lokale inisjativen en organisaasjes. Fjouwer optredens op in jûn en koroanafeilich foar publyk. De earste edysje is op sneon 3 oktober yn gearwurking mei Hit The North.

Seewolf (foto: Tom van Huisstede)

Alle jierren selektearje de Noardlike Popkoepels, ESNS en ITGWO mei-inoar njoggen talintfolle artysten en bands dy’t in jier lang in trajekt folgje fan bootcamps, treningen en útfieringen. Yn it jier toere de njoggen Hit The North-acts troch it noarden, by sealen en fjilden del.

Sneon 3 oktober stean fjouwer fan dy acts op it poadium: Seewolf út Aldebiltdyk, Delore út Ljouwert, Isa Zwart út Emmen en Cashmyra út Grins. De doarren geane iepen om 20.00 oere en kaarten binne foar € 2,- te keap.

Seewolf
Seewolf makket sfearfolle poprock mei in swymke moderne psychedelika, muzyk dy’t tagelyk yntrovert en ekstravert klinkt. Ofkomstich út Fryslân, fangt harren muzyk de sfear fan in grimmitige, isolearre winter op it plattelân yn it noarden. Dat wurdt fakkundich kontrastearre en oanfolle troch de analoge waarmte fan harren studiolûd.

Isa Zwart
Isa Zwart is in jonge sjonger-ferskesskriuwer út Emmen, ynspirearre troch John Mayer, Gavin James en Billie Eilish. Hja skriuwt oer it plezier fan reizgjen, mar ek oer it deistich libben en wol mei har lietsjes ferbine, boeie, pikefel jaan, in trien yn jins eagen bringe of in glim op jins antlit tsjoene.

Delore
Mei mankelike ferskes biedt it Fryske Delore harkers in ynsjoch yn harren siel. De minsklike geast, bysûndere plakken en relaasjes binne de wichtichste yngrediïnten foar harren frisse en dreamerige lietsjes. Frontfrou Liza Bloem leveret persoanlike ferhalen mei sêfte sang, omliste troch glêsheldere gitaarpartijen, floeiende drums en djippe sythesizers.

Cashmyra
Cashmyra is in Nederlânsk postpunkduo út Grins mei absurde teksten, minimalistyske gitaarrifs en beukende drums. De ôfwikseling tusken lûd en sprutsen wurd hâldt it publyk by de sjo skerp. Ea ien sjongen heard oer in ‘broadsje tsiissûfflee’ of oargels? Wolkom yn harren tsjustere en nuveraardige wrâld.

septimber 26, 2020 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.