Earste edukative escaperoom oer pesten no beskikber foar basisskoallen

septimber 25, 2020 08:52

Mei-inoar yn stee fan tsjininoar, dat is de iennige manier wêrop’t learlingen mei it ynteraktive spul út de greep fan hacker Anno N. komme kinne. Anno N. fersus skoalbern is in nij ûntwikkele edukatyf escape(class)roomspul foar it basisûnderwiis. Mei dat projekt pakke de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College it pesten op skoalle oan.

Foto: Afûk

Mienskipsskoalle Bloei út Terherne hie de eare om it spul ôfrûne woansdei foar it earst te spyljen en dêrmei offisjeel te lansearjen. Direkteur Alex de Jager fan de Afûk is bliid mei de gearwurking: “Mei ferskate partners wurkje wy oan it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Mei dizze yntegrale oanpak, keppele oan wichtige maatskiplike tema’s, meitsje wy it Frysk ûnderdiel fan de deistige aktiviteiten op skoallen.”

Neffens einredakteur Janjelle Ringnalda fan Omrop Fryslân Tsjil slút it projekt hiel goed oan by de doelstellingen fan syn omrop: “Omrop Fryslân Tsjil (earder SkoalTV) hat as doelstelling om safolle mooglik de ynteraksje te sykjen mei bern en boppedat ek de ynteraksje tusken de bern sels te stimulearjen. Mei dit escaperoomspul, dêr’t in spannend en edukatyf ferhaal yn ferteld wurdt, bringe wy it Frysk op in leechdrompelige wize by de doelgroep.”

Dizze wike is it de Week tegen het pesten, in ekstra reden om just no it spul te lansearjen. De escape(class)room hat nammentlik in wichtich maatskiplik tema: peste. Groepsfoarming yn it ûnderwiis is gewoan en wol gauris falt der immen bûten de boat. Dat bart faker as wol tocht wurdt. Ut ûndersyk docht bliken dat ûngefear 1 op de 10 bern pest wurdt. In tredde fan dy bern praat dêr net oer, en dat wylst pesten in grutte impact op it deistich libben hat en ek grutte gefolgen hawwe kin foar de takomst. Mei dit spul wurde bern har dêr bewust fan en moatte se as groep gearwurkje om de hacker ûnskealik te meitsjen. Dat dogge se troch mei-inoar alderhande Frysktalige spultsjes en opdrachten út te fieren.

Basisskoallen kinne it projekt folslein selsstannich útfiere en guon opdrachten eventueel sels noch taspitse op de klasse. De opdrachten wurde oanbean op de spesifike nivo’s fan learlingen fan groep 1 o/m 8.

Anno N. fersus skoalbern is in projekt fan de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College. Basisskoallen kinne har no fergees oanmelde foar dit projekt fia www.annon.frl.

septimber 25, 2020 08:52
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. B septimber 25, 14:33

    Afûk benaud foar (te) Fryske wurden? Pesten – narje, slim pleagje is pjerre.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.