Dokumintêre oer Jochem Myjer

septimber 22, 2020 08:49

Jochem Myjer is ien fan de suksesfolste komiken fan Nederlân. Syn foarstelling Adem in, Adem uit spile er sa’n 400 kear foar útferkochte sealen. Hy wûn der sels de grutste kabaretpriis de Poelifinario mei. Mar it suksesferhaal hat in kearside: de sykte dy’t him njoggen jier lyn omlei, hat noch hieltyd grutte gefolgen.

“Alles stiet yn it teken fan dy trije dagen dat er optrede moat. Sûnt Jochem siik west hat en dy tumor yn ’e nekke hân hat, is de enerzjy dy’t er er hat gâns minder wurden.”
– Robert-Jan Veen, manager

Besjoch hjir de trailer.

Jochem Myjer (foto: © Docmakers)

Yn ’e dokumintêre Jochem Myjer – Nog eentje dan, moandei 28 septimber yn Het Uur van de Wolf, folget regisseur Suzanne Raes Jochem by de lêste rige optredens fan syn trije jier duorjende toernee. Yn dy moannen wurdt de sjo foar telefyzje en dêrmei ‘foar de ivichheid’ fêstlein, wat by Jochem enoarme spanningen meibringt. Dêrneist is Jochem altyd en grinsleas beskikber foar syn publyk, giet er nei ôfrûn mei hûnderten minsken op ’e foto en nimt er alle wiken tsientallen filmkes op foar syn fans. De toernee wurdt swiid ôfsletten mei it hûndertste optreden yn Carré. Foar dy útputtingsslach moat alles wike, hy libbet as in muonts, siket it isolemint op om foaral oant dy hûndertste foarstelling oerein te bliuwen. Yn ’e film wurdt sichtber hoe’t er troch minisjeuze tarieding fan elts optreden de ‘perfekte sjo’ meitsje wol.

Hy sliept trije kear deis, lûkt him geregeld werom yn syn hotel om genôch enerzjy oer te hâlden foar syn optreden. Yn dy ôfsûndering hâldt er in protte kontakt mei syn húshâlding, mar echt diel útmeitsje fan it libben fan syn bern kin er net. It is dúdlik dat der wat feroarje moat, mar hoe?

“Kinst net mear libje sa’tst dat altyd dwaan woest. En dochs…, hy docht it noch altyd, hy jout noch altyd elkenien 100%. En de fraach wêrom? Dêr haw ik gjin antwurd op.”
– Marloes Myjer Nova, frou fan Jochem

Jochem Myjer (foto: © Docmakers)

Jochem Myjer – Nog eentje dan lit Jochem Myjer efter de skermen sjen en folget him ticht op ’e hûd as er trochwiet en oan ein fan it poadium ôf komt. De minsken om him hinne wolle him beskermje tsjin syn eigen grinsleaze ferlet om it elkenien nei it sin te meitsjen. Want dêrmei docht er úteinlik himsels tekoart.

“It is foar de minsken om my hinne dúdlik dat it eins net mear kin. It sil altyd myn striid bliuwe. Ik haw it moaiste fak fan ’e wrâld en ik sil der altyd mei trochgean. Der is noch nea in kabaretier opholden.”
– Jochem Myjer

De film is in produksje fan Docmakers yn koproduksje mei de NTR en mei stipe fan it NPO-fûns. Hy wurdt útstjoerd yn septimber 2020, de moanne dat it kultureel dokumintêreprogramma Het Uur van de Wolf syn 25-jierrich jubileum fiert.

septimber 22, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.