Dochs noch in feestje mei ‘Kleintje CityProms’

septimber 24, 2020 08:53

De jubileumedysje fan CityProms gong fan ’t simmer fanwegen koroana net troch. Dochs wurdt it fan ’t hjerst in bytsje feest mei ‘Kleintje CityProms’: in spesjaal programma mei bysûndere optredens fan klassike topstjerren, fergees tagonklik foar elkenien, yn Ljouwert. “Sa proaste wy ek op de lanlike erkenning dy’t wy koartlyn krigen fan it Fonds voor Cultuurparticipatie”, seit festivaldirekteur Margot Hoiting. It ryksfûns stipet CityProms de kommende fjouwer jier mei 600.000 euro.

Ekaterina Levental yn ‘Schoppenvrouw’ (foto: © Chris Koolmees)

Matangi Quartet en Carel Kraayenhof
Kleintje CityProms wurdt holden tusken ein septimber en mids oktober. De iepening wurdt fersoarge troch it Matangi Quartet en bandoneon-solist Carel Kraayenhof (bekend fan de ‘trien fan Máxima’). Hja spylje woansdeitejûn 30 septimber yn it Koepelteater. Mei-inoar lizze se yn ‘Beethoven vs Piazolla’ de ferbining tusken klassyk en tango. Yn Neushoorn kin it publyk op 6 oktober genietsje fan Schoppenvrouw, fan mezzospraan Ekaterina Levental.

Carel Kraayenhof (foto: © Reinout Bos)

Muzyk sûnder grinzen
Musisy mei ferskillende kulturele muzikale eftergrûnen litte yn Muzyk sûnder grinzen harren nije kreaasjes, ûntstien út ymprovisaasje, hearre. Inclusief Theater ANDERS! spilet dizze kear foar in besletten publyk. Margot Hoiting: “Troch koroana is it net slagge om al in komplete presintaasje foarinoar te krijen. Wy hoopje dat it by de simmeredysje yn juny wol slagget.”

De bern wurde fansels net fergetten. Yn Wyksintrum Heechterp Skieringen meitsje dy mei lûdkeunstner Jacob Plooij muzykynstruminten fan ôffal. Foar de fjouwerplussers is yn de Westertsjerke de berne-opera It Beamke (4+). Yn Giel (2+) wurde de pjutten meinommen yn in kompleet giele wrâld fol ferrassingen. Giel is yn Teater De Bres.

It folsleine programma stiet op cityproms.nl. Yn ferbân mei koroana is it oantal plakken beheind. It is dus saak om op ’e tiid te reservearjen. De tagong is fergees, lykas altyd by CityProms. De gewoane edysje fan CityProms wurdt takomme jier foar de tsiende kear holden. Dy jubileumedysje is fan 24 o/m 27 juny 2021.

septimber 24, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.