Dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar op toernee troch Fryslân

septimber 17, 2020 08:18

De Utmolken Toer

Op 3 oktober 2020 wurde de beide nije dichtbondels fan Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, respektyflik Wite Mûle, Swarte Molke en Ommers, presintearre yn de notaristún yn Jorwert. Dat dogge hja mei kollega-dichters Gerrit de Vries en Sipke de Schiffart. Muzyk is der fan de band Xigatze.

Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper (foto: Ydwine Scarse)

Dy presintaasje is it startskot foar harren toernee troch Fryslân. Alle folgjende wykeinen yn oktober steane hja op in oar plak, mei oare kollega-dichters en Xigatze wurdt ôfwiksele mei Kuiper syn band Tigers fan Greonterp. Op 9 oktober steane hja yn Warkum yn Op de Hoek van de Stal, 17 oktober yn kafee Marktzicht yn Drachten en as ôfsluter fan de toer op 24 oktober yn De Bres te Ljouwert. Der moat fanwegen koroana fan tefoaren reservearre wurde.

De Utmolken Toer stiet garant foar in bûnte milkshake oan poëzy en muzyk. Kuiper en Tigchelaar hawwe fan harren sels al in unike smaak yn de Fryske literatuer, mar de optredens wurde mikst mei gastdichters Cornelis van der Wal, Gerrit de Vries, Syds Wiersma en Sipke de Schiffart. De bands Xigatze en Tigers fan Greonterp skomje de poëtyske iismolke ekstra op.

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 is er debutearre mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen. Op 3 oktober kriget er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Ni Hao’ en hy is ien fan ’e winners fan de troch Frysk literêr tydskrift Ensafh útskreaune wedstriid foar de Lange koartproazajûn mei it tige koarte ferhaal ‘Syn rassuvere knyn’.

Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn en foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans yn 2016 de Obe Postmapriis. Yn Ommers steane proazagedichten, it is Tigchelaar syn twadde bondel. Foarpublikaasjes dêrfan komme op it Instagram-akkount @om.mers.

septimber 17, 2020 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.