Deputearre Steaten: mear tolken Frysk yn rjochtspraak troch taaltoets

septimber 15, 2020 09:25

Deputearre Steaten meitsje tiisdei oan Provinsjale Steaten bekend dat in taaltoets derfoar soargje moat dat der mear tolken Frysk yn ’e rjochtspraak komme. Dat stiet yn in artikel yn ’e Ljouwerter Krante. It wurdt mooglik om al beëdige tolken en oersetters in taaltoets dwaan te litten foar it Frysk yn stee fan it swierdere talittingseksamen ta tolk. In tolk Ingelsk, Frânsk of Dútsk kin der dan makliker in Frysk foech by helje.

Gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Crazy Phunk – CC BY-SA 3.0)

By de taaltoets Frysk wurdt test oft de tolk it Frysk op C1-nivo (in brûker mei ûnderfining) behearsket en by steat is tolk- en oersetwurk te dwaan yn it Frysk. Wa’t slagget kin fuortdaliks beëdige wurde. It toetsmateriaal is ûnderwilens oerset yn it Frysk en der is in toetsingskommisje ynsteld.

De provinsje hopet dat der op dy wize seis ekstra tolken beëdige wurde kinne, neist de op it stuit iennige registrearre en sertifisearre tolk, Fedde Dijkstra fan Wurdum. De provinsje betellet 5000 euro mei oan de fêste kosten.

Deputearre Steaten skriuwe dat se de oplossing as ‘second best’ sjogge en leaver hawwe dat mear rjochters it Frysk behearskje.

septimber 15, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.