Deputearre Poepjes: Ryk moat flink ynvestearje yn Frysk op skoalle

septimber 24, 2020 12:20

Sietske Poepjes

“In tik op ‘e fingers”, sa neamt deputearre Sietske Poepjes de oanrekommandaasjes fan de Ried fan Europa oan Nederlân as it giet om it Frysk op skoalle. Ut namme fan de Ried fan Europa hat in groep saakkundigen ûndersyk dien nei it neikommen fan ynternasjonale ferplichtingen op dat stik fan saken troch de Nederlânske oerheid. It Nijs berjochte dêr in hoart lyn al oer: link.

Net allinne moat der folle mear lestiid komme foar it fak Frysk, mar de Fryske taal moat ek fiertaal wurde by oare fakken op skoalle. De provinsje hat der neffens frou Poepjes wol in potsje foar om dat mooglik te meitsjen, mar om alle ferplichtingen nei te kommen dy’t Nederlân neffens de Ried fan Europa hat, moat der neffens har wol Ryksjild by.

Op it stuit jouwe de provinsje en de ûnderwiisynspeksje skoallen oant 2030 de tiid om te foldwaan oan de notiidske easken foar it fak Frysk. Dy binne lykwols in stik leger as de easken dy’t de Ried fan Europa stelt. Neffens de Europeeske saakkundigen driuwt it ek. Deselde oanrekommandaasjes wurde nammentlik al hast tweintich jier jûn. Neffens frou Poepjes “stiet it as in peal boppe wetter” dat der foar 2030 al in protte feroare wêze moat. Hja seit dat de ûnderwiisynspeksje op it stuit ree is om skoallen dy’t te min oan it Frysk dogge op te dragen om better harren bêst te dwaan.

Neffens de deputearre fiele skoallen harren soms oerbelêst troch alle ekstra taken dy’t it Ryk harren taskoot. Hja neamt as foarbylden dat skoallen it hawwe moatte oer loverboys, sport en it ytpatroan fan bern. Dêrtroch komme skoallen der neffens har net oan ta om it ûnderwiis yn it Frysk te ferbetterjen.

Beharkje de folsleine reaksje fan Sietske Poepjes by Omrop Fryslân: link.

septimber 24, 2020 12:20
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Frâns Kuipers septimber 24, 16:33

    In hele goeie oantrún fan deputearre Poepjes om it Frysk in better plak te jaan yn it lesprogramma fan it ûnderwiis.
    Net hasserskrabje en rabje, mar oanpakke

  2. Cor Jousma septimber 24, 17:54

    [Neffens de deputearre fiele skoallen harren soms oerbelêst troch alle ekstra taken dy’t it Ryk harren taskoot.]

    Sokke opmerkingen fan in hiele aardige deputearre binne fansels DEADLIK foar it ûnderwiis yn ús taal. Mei de koroana hie hja ek al sa’n sneue opmerking.

    As wy it yn Fryslân oer rekkenjen en taal hawwe, dan hawwe wy it sûnt 1980 oer Nederlânsk en Frysk. En wat de skoallen dêrnêst noch oanbiede wolle moatte se sels witte. Mar earst de wetlike taken en dan de aardichheden…

    Sokke domme opmerkingen fan politisy spylje antys allinne mar yn ‘e kaart!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.