De earste stap is set, no it ferfolch

septimber 29, 2020 16:35

Ferslach troch Kerst Huisman

flnr Tom Dykstra, Kerst Huisman, Sytze T. Hiemstra. (Foto Anne-Marike Dykstra)

Sneontemiddei 26 septimber haw ik demonstrearre fan Starum oant it Reaklif foar in eigen Fryske grûnwet. Twa freonen út Drachten en Beetstersweach, Sytze Hiemstra en Ed Knotter, rûnen mei. By de tocht nei Starum werom sleat in pearke mei twa jonge jonges út Makkum har by ús optocht oan. Op it Klif haw ik de goed tweintich minsken dy’t dêr nijsgjirrich nei wiene ferteld oer it wêrom en wat fan dy grûnwet, en in koarte yndruk jûn fan wat deryn stiet.

It wie oer alle boegen in lytse, mar wol hiel nijsgjirrige en positive ûnderfining. Alderearst al de hast ideale waarsomstannichheden. Der wie nochal wat ûnlijich waar foarsein. Dat foel aldergelokst ta. Mar wat it foaral ta in hiel aardige ûnderfining makke, wiene de reaksjes ûnderweis. Ik kin echt net mear neifertelle, hoefolle tomkes oft yn foarbyridende auto’s of ynstimmende opmerkingen fan de sydline ik sjoen en heard haw, mar it wiene der in hiel soad. Us ûndernimmen wie hiel dúdlik in thúswedstriid.

Bemoedigjend, mar it is noch mar in begjin. Sa’n grûnwet komt der fansels net samar, hoe’t jo ek wize kinne op situaasjes yn beskaafde lannen as Dútslân en Switserlân. Yn tsjinstelling ta Nederlân, besteane sokke situaasjes dêr al jierren. In Fryske grûnwet soe yn ien klap alle problemen mei it ûnderwiis yn Fryslân oplosse. De Länder (dielsteaten) yn de Dútske Bûnsrepublyk binne bygelyks autonoom op it mêd fan ûnderwiis en wittenskippen. Oer dy saken hat ‘Berlyn’ neat te fertellen.

Mar jo kinne net in grûnwet hawwe foar taal en ûnderwiis allinnich. Dêrom bin ik by it skriuwen fan ‘myn’ grûnwet útgien fan it totale plaatsje. Ik haw neigien, op hokker mêden der dan noch mear sizzenskip komme moat. Omdat soks driget út te rinnen op it al op foarhân skiftsjen fan wat wol of net deryn moat, haw ik besletten in ûntwerp-grûnwetstekst te skriuwen dêr’t by útgien wurdt fan in folslein autonoom Fryslân. Jo begjinne by it uterste wat te berikken falt, en dan komme jo nei alle gedachten earne healwei út.

Miskien wurdt it in semyautonome tastân binnen Nederlân, wêrby’t it mooglik is dat der ek yn Grinslân en Drinte, yn de mande mei ús, sokke eigen grûnwetbewegingen ûntsteane. Ik tink wat dat oangiet ek útdruklik oan East-Fryslân, en dan it ‘gruttere’ East-Fryslân oant oer de Wezer, net it lytsere, eardere greefskip. It soe ek kinne dat der yn Brabân en Limboarch soks ûntstiet.

De fraach is no: hoe fierder? Ik tink dat de gaadlikste wei is, dat ik earst ris in beskriuwing en taljochting jou. Dêrmei wol ik hiel ynkoarten yn It Nijs mei úteinsette. Mar der sil ek rillegau in komitee komme moatte, want allinnich spylje ik dat fansels nea klear. Minsken dy’t mei my meidwaan wolle, binne wolkom.

It sil jimme by de taljochting al fuortdalik opfalle dat ik yn it ûntwerp gjin hillige húskes út ’e wei gean. It soe fansels in hiel aardige saak wêze as lju dêr dan ek op reagearje. Us Fryske ynternettydskrift It Nijs kin dêrmei wer in soad belangstelling fan minsken lûke, dy’t der oant no ta net bot nei sjoen hawwe. Ik haw der alle fertrouwen yn.

Sjoch ek: https://www.itnijs.frl/2020/09/op-en-paad-foar-in-fryske-grunwet/

Foto op de thússide: flnr Ed Knotter, Kerst Huisman, Tom Dykstra. (Foto Sytze T. Hiemstra)
septimber 29, 2020 16:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.