De basis is lein

septimber 15, 2020 11:48

Ynstjoerd

Tongersdei 10 septimber 2020 wie neffens Aant Jelle Soepboer fan de FNP-fraksje yn de gemeente Noardeast-Fryslân in histoaryske dei. Ik kin my dêr hielendal yn lykfine. De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân kiest unanym foar Frysktalige plaknammen. Dêrmei jout de ried in sinjaal nei oare gemeenten ôf: Doar te kiezen foar de Fryske taal!

De fraksjes binne ek unanym foar it Frysk taalbelied yn de gemeente. Iksels bin der skeptysk oer. In echte ‘djip-Fries’ bin ik net. Ik sis net ‘boargemaster’ mar ‘burgemeester’, haw it oer taalbeleid en ha al hielendal neat mei earebarren. Optredens yn it iepenbier lit ik meastal oan my foarby gean. Mar nei in lytse stimulâns fan Bertus Jans Postma fan Bitgummole haw ik dochs mar besletten om – lykas Postma – yn te sprekken by de gemeenteriedsgearkomste. In soad byfal yn myn skepsis krige ik net fan de gemeenteried. Dochs bin ik as in tefreden man nei hûs ta riden.

It neikommende ha ik nei foaren brocht op 10 septimber:

Riedsleden, jim prate hjoed oer it Frysk taalbeleid. Ik ha de stikken lêzen. It liket mar moai: “Wy nimme Ferwerderadiel as basis. Dêrút wei kinne wy it Frysk ferbetterje. Der stie op de wei fan Blije nei Holwert altiid in boerd op de gemeentegrins. “Oant sjen” stie dêr op. Wy mienden altyd dat der “Utsjen” op stie. Sa is it mei dit nije taalbeleid en de taalferoardening ek!

It liket moai. Ferwerderadiel is de basis. Dat is tige Frysksinnich. In better basis kinst dochs net hawwe? Mar ik lês stikken altyd faker as ien kear:

  • Allinnich it budzjet liket oernaam te wêzen: € 26.000. Dat is fiif bankjes yn de wike. Of € 500 per plak, sa’t jo wolle. En dan krijt Dokkum nochris € 500.
  • At ik in oersetting hawwe wol, dan moat ik soms betelje. Wie dat net altyd fergees?
  • Ferwerderadiel hie Frysktalige nammen yn de BAG (Basisadministratie Adressen en Gebouwen)
  • Ferwerderadiel prate Frysk mei oare bestjoersorganen, at dy dat woene. Dat dogge wy no net mear

Wat bliuwt der nei harmonisaasje dan noch oer?

  • At ik Dokkum ynrydt, stiet der in boerd “Welkom in Dokkum”. Op de achterkant “Tot ziens”
  • Op de webside stiet allinnich ynformaasje oer it taalbeleid yn it Frysk
  • Ik ha it krekt noch prebeare: it antwurdapparaat begjint mei “wolkom”, mar al gau is it “wij zijn er nu even niet.”

Ik wit yntusken hoe’t it komt. Noardeast-Fryslân kiest foar twataligens. Dan kin elk kieze hoe’t er him uteret. Moai dochs?

Ja, it wie moai west at it Frysk wat mear profileare wurde soe. By in goede basis stiet de swakste foarop. Dus gjin buordsje ”Praat mar Frysk” mar “Hollands praten mag ook”.

De basis liket goed, mar is swak. De útgongspunten binne ek net konsekwint. Twataligens is wat oars as dûbeltaligens. Dat betsjut: ien namme op in plaknammeboerd. Gjin twa.

Wy wolle der wat te maklik ôf, liket it wol. Ik freegje dizze Rie om no fuort de goede basis te lizzen.

Ik wie dus tige kritysk op de nota. Wêrom bin ik dan dochs mei in goed gefoel nei hûs ta rieden? It antwurd is koart: Om’t der in basis lein is! De gemeenteried Noardeast-Fryslân soarget foar in basis troch net in healslachtich kompromis te kiezen. De ried kiest derfoar om neist de Frysktalige gemeentenamme ek de Fryske plaknammen yn de Basisadministraasje Adressen en Gebouwen (BAG) fêst te lizzen en soarget dêrmei foar in stikje ynfolling fan de ynfrastruktuur fan it Frysk. In beslút oer wat der op kombuorden komt te stean is by in nije weryndieling samar tebek te draaien. Mar as ienris de plaknammen fan de gemeente yn it Frysk fêstlein binne, moat der in soad barre om dat wer te feroarjen. It docht my tinken oan in ferhaal dat faak brûkt wurdt om it boadskip “First things first” fan Stephen Covey te fertellen.

Dat giet oer in professor dy’t foar in kolleezjeseal stie. Der stie allegear guod op de professor har buro. Se pakte in grutte, lege glêzen pot en die dy fol mei grutte stienen. Doe’t de pot oant de râne fol wie, frege se de studinten oft de pot fol wie. Dy seine: “Ja.”

Dêrnei pakte se lytse kidelstientsjes en struide dy út yn de pot. Sy skodde de pot hinne en wer. De stientsjes rôlen tusken de stienen. Se frege wer oft de pot fol wie. De studinten seine fan: “Ja”. De professor die der doe in bak sân by. Dat paste der ek noch by. De studinten fûnen dat de pot no echt wol fol wie. Doe geat de professor der noch twa glêzen wetter by en sei: No is er echt fol!

Moraal fan dit ferhaal: doch earst de wichtige saken en folje dan de fierdere details yn.

Sa is it mei de taalnota “Mei elkoar foarút mei it Frysk” ek. De gemeente Noardeast-Fryslân is in fúzjegemeente, mei nije gemeentegrinzen en in nije gemeenteried. Koartsein: in nije situaasje. Net weromsjen, mar foarút. Dat wurdt dien oan ’e hân fan trije útgongspunten:

  • De gemeente stribbet nei lykweardigens fan talen
  • De gemeente kiest foar twataligens
  • De gemeente hat in foarbyldfunksje

De gemeente set allegear aktiviteiten op priemen om it Frysk te stimulearjen. Dat docht er foaral troch de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen, yn te setten op meartaligens yn it ûnderwiis en it brûken fan it Frysk yn rekreaasje en toerisme.

De gemeenteried is it unanym iens mei al dy moaie foarnimmens. Alle fraksjes ûnderstreekje dêr it belang fan de Fryske taal foar de gemeente Noardeast-Fryslân mei. Dat is in prachtich útgongspunt om mei te begjinnen.

It kolleezje fan B&W hat in moaie foarset dien. De gemeenteried hat syn ferantwurdlikheid nommen. Ik betrou derop dat fraksjes har ferantwurdlikheid nimme om te soargen dat de plannen ek útfierd wurde!

Arjen Dykstra

septimber 15, 2020 11:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.