David Attenborough brekt rekôr op Instagram

septimber 27, 2020 08:57 Fernijd

De 94-jierrige biolooch en telefyzjepresintator David Attenborough hat yn krapoan oardel dei 3,2 miljoen folgers krige op Instagram. Tongersdei wie er al de fluchste ea mei ien miljoen folgers, nammentlik yn fjouwer oeren en 44 minuten.

Yn syn earste fideo warskôget de wrâldferneamde presintator fan natuerdokumintêres foar de ynfloed fan klimaatferoaring: “Ik ferken dizze foar my nije foarm fan kommunikaasje om’t, lykas wy allegear witte, de wrâld yn gefaar is.” It filmke wie freedtejûn goed tolve miljoen kear besjoen.

 

Dit bericht bekijken op Instagram

 

David Attenborough has spent a lifetime travelling, exploring the wild places of our planet and documenting the living world in all its variety and wonder. He’s also witnessed the damaged caused. Saving our planet is now a communications challenge. We know what to do, we just need the will. That’s why we want to share this message on Instagram. Because there is hope and together, we can inspire change. Social media isn’t David’s usual habitat so while he’s recorded messages solely for Instagram, like the one in this post, we’re helping to run this account. In case you’re wondering, ‘we’ are Jonnie and Colin and we worked with David on A Life On Our Planet. So, as well as sharing the messages he’s recorded especially for this account we’ll also post some exclusive clips and behind the scenes content. Stay tuned.

Een bericht gedeeld door A Life On Our Planet (@davidattenborough) op

“Kontininten stean yn ’e brân, gletsjers teie, koraalriffen stjerre ôf, fisken ferdwine út ús oseanen, en de list giet mar troch”, seit Attenborough. “Mar wy witte wat we deroar dwaan moatte en dêrom sil ik dizze nije kommunikaasjewize brûke.”

Hy wol syn folgers ynformearje oer klimaatferoaring en yn filmkes útlizze wat se der tsjin dwaan kinne. Filmmakkers Colin Butfield en Jonnie Hughes, dy’t de oankommende Netflix-dokumintêre David Attenborough: A life at our planet makken, pleatse út syn namme berjochten op syn Instagramakkount.

It foarige rekôr fan in akkount dat it fluchst ien miljoen folgers hie, stie op namme fan aktrise Jennifer Aniston. Hja die der ferline jier fiif oeren en sechtjin minuten oer om dat tal te berikken.

septimber 27, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.