Grutte noed yn Steaten oer kommunikaasje Drintsk-Fryske Wâld

septimber 10, 2020 08:27

De fraksjes fan CDA, ChristenUnie, FNP, GrienLinks, PvdA, SP en VVD stelle mei-inoar fragen oan it Kolleezje oer de kommunikaasje mei de ferskate brûkersgroepen yn en om it Drintsk-Fryske Wâld (DFW). Neffens de partijen sit him dêr de oast as it giet om de ûntstiene ûnrêst by de bedriuwen en rekreative organisaasjes yn en om it gebiet by Appelskea.

Besikerssintrum Drintsk-Fryske Wâld (foto: Wikipedia/Drenthe007 – CC BY-SA 3.0)

Wurkbesite
Yn ’e Steaten fan 24 juny is in moasje oannommen dat de kommunikaasje tusken organisaasjes yn it DFW ferbettere wurde sil. De partijen hawwe ûnderwilens op wurkbesite west en fêststeld dat de situaasje allinnich mar fierder eskalearre is. Se wolle no fan deputearre Hoogland witte hoe’t hy in goed oerlis struktureel boargje sil, sadat organisaasjes en bedriuwen har wer serieus nommen fiele.

Stjoergroep
In fêste fertsjintwurdiging fan belanghawwenden út de doarpen om it gebiet hinne én de rekreaasjehoeke yn de Stjoergroep DFW soe fan belang wêze. Dy is der no net. De provinsjale partijen wolle derop ta dat it kolleezje ien of mear gearkomsten mei fertsjintwurdigers fan Steatsboskbehear, bedriuwen út Appelskea en brûkersgroepen organisearret om de ferhâldingen wer rjocht te lûken en ôfspraken te meitsjen oer better oerlis en kommunikaasje.

Takomstplan
De partijen wolle ek witte oft der al in takomstplan klear is oer de úteinlike ynrjochting fan it DFW dêr’t de balâns tusken natuerbehear en rekreatyf gebrûk dúdlik yn wurdt. De Steateleden wolle ynsjoch yn sokke stikken, dat is no ek net it gefal.

Taheakke: Skriftlike fragen oer brûkersgroepen Drintsk-Fryske Wâld.

septimber 10, 2020 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.