Better djipfries as blinefries

septimber 22, 2020 07:04

Skôging fan Jabik van der Bij

It is no goed fjirtjin dagen lyn dat de Fryske Taalatlas 2020 iepenbier útkaam. In tige opteine deputearre Poepjes melde dat it goed giet mei it Frysk. Ien kear yn de fjouwer jier kinne wy tsjûge wêze fan de rituele dûns om de taalbeam, want der binne altyd wol griene sprútsjes te finen. Ek al binne de útkomsten dizze kear net better as de foarige kear, der is altyd wol wat te finen dat de moed deryn hâldt. Dizze kear is dat it skriuwen yn it Frysk dat tanimt. Elkenien kin it merkbite: de jongerein doar it Frysk op de bûstelefoan faker te brûken. Gjin akademyfrysk, mar dochs. Sels moedigje ik myn pakesizzers, dy’t hikke en tein binne yn de Betuwe, oan om Frysk te skriuwen ek al ha se gjin inkelde les Frysk hân. Uteinlik is stavering mar in helpmiddel en oan feroaring ûnderhevich.

Dat de jongerein wat minder skrutel is om Frysk te skriuwen is grif winst, mar de fjouwer ‘fluchhifkingen’ roppe wol wat fragen op. Sa fernuveret it my dat der sa’n bytsje reaksjes op komme. De Fryske deiblêden en Omrop Fryslân meitsje wat wurk fan it parseberjocht fan de provinsje. Fedde Dykstra en Rimmer Mulder geane der yn de Ljouwerter Krante wat djipper op yn, mar fierder bliuwt it dêr stil. Wiswier, op It Nijs binne der inkelden dy’t der har sechje oer sizze, mar botte grut liket de belangstelling net te wêzen. Hoe komt dat? Tinke de measte Friezen, lykas Frâns Kuipers yn syn kollum, dat it wol goed komt mei it Frysk? Of is it ûnferskilligens foar it Frysk oer? Dat lêste wol my hast net oan, want as men Friezen freget oft se it slim fine soene as it Frysk ferdwine soe, dan sizze de measten dat soks har tige spite soe. Ik tink dat in efterútgong dy’t sa ûngemurken giet dat je him net fernimme lykas in drip in stien úthollet, net oanset ta aksje. Dyjinge dy’t him wol ûngerêst makket oer de takomst fan de taal kriget it etiketsje fan djipfries opplakt, lykas Kuipers koartlyn yn syn kollum die. Sokke Fryske skerpslipers hoecht men net serieus te nimmen. Mar om dan mar as in blyn hynder achter it joecheigerop fan in deputearre oan te draven, is wol it oare uterste. Sterker: dat roppen dat it goed giet mei it Frysk hat in gefaarlijke kant. De ‘sljochtwei Fries’ en de ‘louwe Fries’ (neffens de typology fan Durk Gorter yn De Aktuele Steat fan Fryslân yn 2001) is it dan al lang bêst. Sokke rapporten, dêr’t de deputearre sels fan seit dat se net wittenskiplik ûnderboud binne, wurkje lykas de gerêststellende wurden fan Colijn foar de Twadde Wrâldoarloch: “Gaat u maar rustig slapen.”

Men soe dit soarte fan rapporten betitelje kinne as nepnijs. It wurket as in ûnsichtber firus. Sa’n firus is, lykwols op in oar mêd, krektlike gefaarlijk as it koroanafirus. It set minsken op ’e ferkearde foet. Yn stee fan har bewust te meitsjen fan wat elkenien wol merkbite kin, struit it har sân yn ’e eagen. Wa’t fraachtekens set by de útkomsten wurdt ôfservearre mei it boppeneamde etiketsje. Earlik sein soe ik graach wolle dat de deputearre gelyk hie, mar salang’t ik net wit wat de (talige) eftergrûn is fan dy 29% dy’t de muoite naam om de fragelist yn te foljen, set ik grutte fraachtekens by de útkomsten. Hoe represintatyf wiene dy 29% foar de hiele Fryske befolking en wat hoe âld wiene de antwurders? En wat moatte wy mei dizze twa konklúzjes yn it rapport: “Ek tsjin de bern prate der mear Friezen Nederlânsk (49,7 persint ) as Frysk (45,1 persint ). Neffens de Taalatlas fan 2020 is foar 57,3 persint fan de Fryske befolking it Frysk de memmetaal”? Hoe kin dat?

Yn 2000 en 2005 ha wy rom 10.000 bern fan fjouwer skoallen foar fuortset ûnderwiis befrege oer har taalgedrach en har hâlding foar it Frysk oer. Se follen de list yn ûnder de les, m.o.w. 100% respons. As men allinne al sjocht nei de earste taal (de taal mei mem) fan de bern tusken tolve en 19 jier dan siet dêr in dúdlike delgeande line yn: fan 52% yn 1980 nei 47% yn 1994 en 40% yn 2005. De jiertallen slane op de ûndersiken fan de Fryske Akademy yn 1980 en1994 en dissertaasje VanderBij/Valk yn 2005. It lêste ûndersyk wie in effektûndersyk nei it projekt Frysk yn it Fuortset Underwiis yn opdracht fan it provinsjebestjoer. Dat der frijwol gjin signifikante effekten te mjitten wiene (en eins weismiten jild) paste net yn it deistige politike bedriuw en it ûndersyk mei de oanbefellingen is dan ek streekrjocht yn it laad ferdwûn.

De simpele oplossing fan in protte lju dy’t it Frysk tadien binne is om de skoallen by de kladden te pakken. Kuipers fynt it heil yn de trijetalige skoalle, mar it is in publyk geheim dat de iene saneamde trijetalige skoalle de oare net is. Skoallen kinne wis wol in goede bydrage leverje, mar de skoalle is in ôfspegeling fan de mienskip. It binne net de lessen Frysk dy’t dy taal troch de tiid helpe kinne. Frysk op skoalle hat deselde status en itselde plak lykas oeral yn de mienskip en dat is noch altyd it Jan Poepsplak. Wolle wy allegearre mei-inoar dat it Frysk in ‘fanselsprekkend plak’ kriget, dan sil der mear barre moatte as allinne de skoallen achter de fodden te sitten en hjir en dêr wat mei subsydzjes te struien. Wêrom slagget it wol om de minsken waarm te krijen foar de enerzjytransysje en wol it mar net om Friezen bewust te meitsjen fan de behyplike posysje fan it Frysk? Mear wetten hawwe wy net nedich, mar wol in plan om it de Friezen tusken de earen te krijen dat de tiid fan tuike-oan foarby is. De blynkleppen sille ôf moatte. Ik soe wolle dat de enerzjy dy’t no ien kear yn de fjouwer jier yn de fluchhifkingen stutsen wurdt, brûkt wurdt om in plan te meitsjen om de earder neamde ‘sljochtwei en louwe Friezen’ yn it kamp fan de ‘bewuste Friezen’ (Gorter, 2001) te heljen.

septimber 22, 2020 07:04
Skriuw in reaksje

12 opmerkingen

  1. Abe septimber 22, 11:38

    ,,Mear wetten hawwe wy net nedich, mar wol in plan om it de Friezen tusken de earen te krijen dat de tiid fan tuike-oan foarby is”, skriuwt Jabik. ,,De blynkleppen sille ôf moatte.” Dêr kin men it inkeld mar mei iens wêze. Hoe moat dat dan, freget Jabik. SisTsiis I en hûnderten Friezen hawwe op 22 desimber 2016 it goede foarbyld jûn. Doe wie der in momintum, sa’t soks hjit, en de ‘offisjele’ Friezen hawwe dat momintum spitigernôch ferrinne litten. Oer de oarsaken dêrfan sille wy it no mar net hawwe, mar dy demonstraasje jout wol de rjochting oan.
    De Ried, haw ik wolris tocht, soe himsels omfoarmje kinne ta in publyksorganisaasje lykas It Fryske Gea. Betink in bettere namme, brûk de RfdFB as ûndertitel, formearje twa tinktiims en meitsje in begjin mei juridyske en publyksaksjes.
    De Ried kin langer net yn ‘t skaad bliuwe. En de Fryske politike striid kin langer net inkeld mar oan de FNP oerlitten wurde. Begjin!

  2. Frans Kuipers De Kamp 14 9231BR Surhuisterveen septimber 22, 20:03

    Boppesteande reaksje fan Abe kin ik wol ûnderskriuwe. Ik haw earder wolris yn in kollum skreaun dat ‘Fryske Striders inoar yn it paad steane. Underlinge strideraasje blokkearret de foarútgong fan it Frysk. De polityk wit it dan ek net mear nei wa’t dy harkje moat en soks giet te’n koste fan in ienriedige oanpak. Myn fyzje is en bliuwt dat it ûnderwiis liedend wurde en wêze moat, want in plant, in beam en wat dan ek waakst fan ûnderen nei boppen en net oarsom. Jabik van der Bij giet dêr wat te maklik oan foarby.

  3. Frans Kuipers De Kamp 14 9231BR Surhuisterveen septimber 22, 20:10

    Lês dit stikje út myn kollum fan 19 augustus 2019:

    Wat ik eins beweare wol is dat in (te) fûle ûnderlinge striid oer it Frysk laat (hat) ta in omkearde útwurking (sjoch myn kollum fan 18-9-2018*). It mei (wetlike) twang oplizzen oan it ûnderwiis dat it Frysk, yn lykwicht mei it Hollânsk, oan bar komme moat is net út te fieren. Praktysk sjoen wurket sa’n wetlike ferplichting net, want der is in grut gebrek oan dosinten Frysk by de learare-oplieding en der binne hast gjin learkrêften te finen yn it basisûnderwiis en/of fuortset ûnderwiis, dy’t Fryske lessen jaan kinne. ‘Dêr’t neat is, ferliest sels de keizer syn rjocht!’

    Fasilitearje is de oplossing
    1. De belangrykste fasilitator foar it Frysk is it ûnderwiis sels. De learare-oplieding moat by steat wêze om mear learkrêften op te lieden foar (ék) it foech Frysk. In ekstra stimulâns soe wêze kinne dat learkrêften mei it foech Frysk, ien of twa skalen heger betelle wurde. Dat ekstra salaris soe de provinsje betelje moatte mei it bestjoersakkoart yn ’e hân. Twang moat net hoege, goede ôfspraken moatte genôch wêze. Maklik te regeljen, liket my. Helje de ynspeksjetwang fan tafel.

    2. In twadde fasilitator is om inoar net langer as ‘mannenbroeders’ de maat te nimmen. Mei-inoar oparbeidzje by it útfinen, hoe’t it fierder moat mei it Frysk wurket better. Foarmje ien groep mei in ferskaat oan deskundigen. Jou romte oan it ûnderwiis en oan de skoalbestjoeren troch mei harren op te arbeidzjen yn stee fan harren oan te kleien. Jou, as betûfte fjochters foar it Frysk, op frijwillige basis bygelyks gastlessen oan de learare-opliedingen.

    3. In tredde wichtige fasilitator is Omrop Fryslân. De Omrop moat de mooglikheid krije om it Frysk (foaral digitaal) op in boartlike manier yn húskeamers en yn apps op telefoan en I-pad of kompjûter te krijen. Stek dêr as provinsje jild yn. Jou beropskrêften en frijwilligers op dat mêd alle romte. Haw der betrouwen yn. Der binne digitale ‘tools’ by de fleet. Ik leau dêryn. De jongerein wol soks wol graach op harren I-phone hawwe. Hja ‘appe’ meastal yn fonetysk Frysk. Dat hinderet neat, want fonetysk Frysk is in moai begjin. Net langer útdrage dat Friezen domme analfabeten binne yn eigen taal. In positive ynstek leveret it measte op. Meibewege is better as tsjinbewege. Dêr bin ik wis fan.

    Link: https://www.itnijs.frl/2020/09/better-djipfries-as-blinefries/

  4. Frans Kuipers De Kamp 14 9231BR Surhuisterveen septimber 22, 20:21

    https://www.itnijs.frl/2019/08/frans-kuipers-tsien-jier-itnijs-en-it-frysk/

    Klik ris op boppesteande link. Lês myn ynstek oangeande it feit dat it mar net slagje wol om it Frysk goed yn `e stokken te krijen. 

    Lês benammen it stik – oan de ein –  oer it fasilitearjen fan it Frysk. 

    Fierder bliuw ik derby dat de winst helle wurde moat út en troch it ûnderwiis. Trijetalige skoallen moatte dus better taret wurde en wêze om ‘deselde oanpak’ te brûken, krektlyk as yn it ferkear. Sa dreech moat soks net wêze. Ik bliuw ek foarstanner fan it better beteljen fan learkrêften mei it foech Frysk. Frysk is de twadde rykstaal, dus dêr moat jild foar frijmakke wurde. Sa simpel is dat te regeljen as de polityk de lapen gearsmite soe. Dit soe in moai en praktysk putsje wurde/wêze kinne fan Sietske Poepjes. Oan de slach soe’ k sizze. De ferkiezingen binne kommendewei!! Kom op!! 

  5. Frida septimber 22, 20:47

    Jabik, Abe, Tom, Aant en ale oare Fryske-taal-pommeranten: lês de kollum fan Nynke van der Zee fan 21 septimber op de side fan Omrop Fryslân ris en rjochtsje jimme omtinken en enerzjy op har observaasje oer ‘memme’taal.

  6. Cor Jousma septimber 22, 21:05

    In soad striders tinke noch altiten dat se it Frysk rêde moatte. Soks kin allinne mar ta frustraasje en erchtinken liede.

    De lêste iuwen litte krekt sjen dat hieltiten wer op ‘e nij minsken troch it Frysk rekke waarden en der mei oan ‘e slach giene en geane. Dy waarmte mis ik by in soad striders.

    As jo net troch dy frustraasje by josels hinne brekke kinne, wurdt it striden foar ús taal allinne mar striid en rjochtet dy him úteinlik faak op meistriders… Jo kinne dan bygelyks net mear tusken de rigels troch lêze en de positive saken bemerke.

    Somtiden is soks mar in slogan as ‘Frysk op skoalle, in bernerjocht’. As jo net fiele kinne dat jo mei sa’n slogan goud yn hannen hawwe en dêrmei trochdonderje moatte, dan binne jo spitigernôch dy frustraasje noch net foarby…

  7. Abe septimber 23, 11:54

    Ik kin my yntinke dat Jousma frustrearre is troch it útbliuwen fan súksessen nei 22 desimber 2016. Hiel begryplik. Wy binne fjouwer jier fierder: in protte Fryske beamwâlen binne rêden, sinnefjilden oanlein, witepitepleiters blokkearre, plaknammen ûnthollânske, en neam alle wichtige wapenfeiten mar op. Mar Frysk ûnderwiis is opskood nei 2030, dus oer in stik as trije ferkiezingen hinne tild. As dát gjin belied is… Saneamde taalûndersiken lykje nearne nei en binne skoalfoarbylden fan politike manipulaasje. De Fryske Akademy stiet op ynstoarten. Fjouwer ‘Fryske’ direkteursplakken moatte de kommende tiid – binnen trije jier – in nije ynfolling krije: FA, HCL, RUG-Frysk en Tresoar. Fan in belied om Frysk yn funksje-easken te krijen is nul neat nearne wat te merkbiten. En dan noch de missende waarmte by de striders! En de selsbeneamde messiassen! Men kin mar sjen: hjoed de dei komt it der op oan. Wat te dwaan? Wêrom? Mei wa? Mei watfoar stratezjy? De redaksje fan Fers2 hat yn 2016 in minskerjochtestratezjy útwurke en yn ytlike stikken presintearre. Krij dat op, gean dêr mei fierder. Hjirboppe haw ik in pear praktyske tips jûn. Miskien hat Jousma bettere tips, dat soe kinne. En dat soe prachtich wêze. De frustraasje foarby! Mar doch wat. Oars hoecht it net mear.

  8. Eric septimber 23, 12:18

    Yn in sintralisearre steat as Nederlân is gewoan net mear mooglik foar de Fryske taal as wat der no bart. Sa simpel is it. It binne net allinnich de lauwe Friezen sels, it is ek de mear as lauwe Nederlânske oerheid. Sjoch mar nei de rapportaazjes oer it tekoart oan ynspanningen fan de oerheid. Nochrisom, yn in steatsstruktuer mei alle macht yn Den Haach meie wy net kleie hoe’t it lân der no hinne leit. En taal driuwt no ien kear foar de measte minsken minder as oare sosjale problemen lykas ekonomy, opfang flechtlingen, klimaatopwaarming, ensafh.

  9. Abe septimber 23, 12:39

    Mar, bêste Eric, dan hâlde wy der mar oer op. Gjin ideeën, gjin inisjativen, gjin belied, gjin útsjoch, gjin beweging, gjin Fryske Beweging mear. Earst komt it fretten, dan krekt de Fryske taal, dat is sa. Mar dat wie altyd al sa – en likegoed hat der foarútgong west. Dy foarútgong is der no net. No is der achterútgong. Fansels kin men dan de boel de boel litte. Of dreame fan in ‘Fryske grûnwet’, Autonomy, Unôfhinklikens. Foaral dwaan. Yntusken, en yn ôfwachting fan de (werom)komst fan in Redbad, moatte wy ús lykwols rêde mei konkrete problemen. Ast dêr ideeën oer hast, graach.

  10. Abe septimber 23, 15:37

    Dit noch. Sa soe it kinne: FNP en Ried fan de Fryske Beweging stappe mei syn beiden nei De Haach, koffer fol Europeeske rapporten, en biede it regear de folgjende deal oan: xx miljoen foar Fryske taal en ûnderwiis (better ûnderwiis, oplieding dosinten, stipe FA en RUG, banen mei Frysk as funksje-eask, en betink mar wat) – dan stappe wy fan ús kant net fierder op nei Brussel of Lúksemboarch, mei abbekaten. Twa mooglike útkomsten. Earste senario: kabinet betellet, Fryslân wint. Twadde senario: de gong nei de rjuchter, de Fryske beweging wint HOE DAN EK. Is it net wat de útspraak oanbelanget, dan is it wol yn de publisiteit en op it stik fan leauweardigens. Dat – Fnp Minder Den Haach Mear Fryslân, Ried, ha jim miskien bettere ideeën oantroffen?

  11. Cor Jousma septimber 23, 18:25

    Bêste Abe, krekt as dy fiel ik de urginsje. Om’t ik Sis Tsiis te goed fûn om wei, haw ik my mei ynspand om dy klup wer yn libben te krijen. Takom woansdeitemiddei hawwe wy op it Hearrenfean it publyk meitsjen fan de enkête dy’t wy yn koroanatiid makke hawwe. Ik soe dy dêr graach sjen. Pak de tillefoan en ik praat dy by (ik wenje yn Feanwâlden).

    Mei dy enkête moatte wy twa dingen berikke. De heiten,
    memmen, pakes en beppes mei de bern neitinke litte oer it Frysk op harren skoalle. En fansels krije wy in krekter byld fan dat Frysk op dy pleatslike skoallen.

    Dy enkête fynst op https://www.sistsiis.frl . Wy hawwe krekt de bernesykten derút.

    Dan noch hiel wat oars. De polityk haw op in pypfol en om in flau wurdgrapke te meitsjen. It Frysk sit by ús op in Sietske P-plak. Dy deputearre is út soarte in aardich minske en in tûke politika, mar krekt as by in soad FNP-pommeranten moat it net te mâl en binne wy samar tsien jier fierder.

    Dy wei hawwe wy by de topografyske wurkgroep al jierren net mear lâns rûn. Tsien jier tebek haw ik yn ‘e wurkgroep útsteld om it Europeesk Hânfêst net langer yn ‘e kast te hâlden, mar de juridyske wei te gean. Dan krije jo de tsjinwyn fan alle Fryske kanten. Mar mei Elzinga fan Frjentsjer sitte wy no alle dagen te wachtsjen op de útspraak yn syn earste rjochtsaak.

    De strekking fan dyn stik yn de lêste Nij Frisia bin ik it folslein mei iens. Net langer dreame oer in grut ferline – dêr kinne jo fansels noch wol fan genietsje – mar alle kaarten sette op ‘e taal. Yn it foarste plak it learen op skoalle. In bernerjocht.

  12. Abe septimber 25, 09:35

    In moai inisjatyf, Jousma. Ik kin dêr woansdei net by wêze, mar ha wol (noch) in tip. Hjoed yn de LC skriuwt Pieter de Groot dat de measte Friezen neat om har taal jouwe. Dat soe kinne, mar ûndersocht is it net. En: dêr leit in kâns foar in opfallend audiofisueel inisjatyf. Lit troch betûfte lju koarte filmkes meitsje wêryn’t ‘gewoane’ en ‘ûngewoane’ minsken prate oer wat har memmetaal foar har betsjut. Yn gewoane en ûngewoane dekors. Wat in machtige multymediale propaganda soe dêr fan útgean kinne, as dat goed oanpakt wurdt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.