Bern meitsje in sûn miel

septimber 14, 2020 12:37

Yn wyksintrum de As op It Hearrenfean is ferline wike in itensiedersskoalle foar bern iepene. Dêr kinne bern fan 10 oant en mei 12 jier fan alles leare oer sûn iten en hoe’t se dat feilich klearmeitsje kinne. Under lieding fan Mama Mascha folgje se acht lessen en hawwe se twa kear in aktiviteit bûtendoar. By de lêste les mei publyk komme te sjen.

Sûnt septimber 2015 is It Hearrenfean in JOGG-gemeente; de ôfkoarting komt fan Jongeren Op Gezond Gewicht. It giet derom dat it tal bern mei oergewicht weromkrongen wurdt. Oergewicht kin komme trochdat net sûn iten wurdt. It meitsjen fan in sûn miel is dus belangryk.

De itensiedersskoalle op It Hearrenfean wurdt Fikks neamd. Dat komt fan Friese ideële kinderkookschool. Ilse van Ast, inisjatyfnimmer en bestjoerslid fan Fikks: “Ik haw altyd al belangstelling hân foar sûn en lekker iten. Dat wol ik graach oerbringe op bern. Mei JOGG Heerenveen haw ik de mooglikheden besjoen. Sa is Fikks ûntstien. Dêr leare bern hoe lekker oft sûn iten is. En dat it gesellich is om mei-inoar iten klear te meitsjen. As bern opgroeie mei in sûne styl fan libjen, wurdt dat foar harren de gewoanste saak fan ’e wrâld.”

Der wurdt begûn yn de wyk de Greiden mei trije rigen fan acht lessen. Der is hieltyd plak foar fyftjin bern. Wethâlder Jelle Zoetendal: “Alle rigen wiene samar fol. It is moai om te sjen hoe entûsjast oft de bern úteinsette. By de ôfsluting wol ik graach in hapke mei-ite!” Nei de trije rigen fan acht lessen sil besjoen wurde oft der genôch animo is om mear rigen op te setten en oft it inisjatyf ek nei oare wiken útwreide wurde kin.

Op https://www.receptvandetoekomst.nl/ is mear ynformaasje te finen oer Fikks.

septimber 14, 2020 12:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.