Beneaming honorêr konsul Roemenië

septimber 5, 2020 08:47 Fernijd

Tongersdeitemoarn ynstallearre de ambassadeur fan Roemenië de hear Reinder Schaap út Heech as honorêr konsul foar Noard-Nederlân. Dat barde yn it gemeentehûs yn Snits. De hear Schaap mei dêrmei Roemenië fertsjintwurdigje yn Fryslân, Grinslân, Flevolân en Utert.

F.l.n.r.: boargemaster Jannewietske de Vries, ambassadeur Brânduşa Ioana Predescu, honorêr konsul Reinder Schaap, riedsman Christian Mateescu, wethâlder Mark de Man (foto: Gem. SWF)

De ambassadeur en de honorêr konsul namen ek diel oan in rûnetafelpetear mei wethâlder Mark de Man en ûndernimmers út de gemeente. It petear gie oer de kânsen en útdagingen yn Fryslân en Roemenië. Wethâlder de Man: “It wie in prachtige kâns om de ambassadeur fan Roemenië yn ’e kunde komme te litten mei bedriuwen út Súdwest-Fryslân dy’t in relaasje hawwe mei Roemenië of dy’t dy ambysje hawwe. Dêrby rjochtsje wy ús op twa sektoaren dy’t ek yn Roemenië fan belang binne en omtinken fertsjinje: maritym en agrarysk. Mei troch de ynstallaasje fan de hear Schaap hoopje wy yn ús gemeente in goede bân mei Roemenië op te bouwen.”

septimber 5, 2020 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.