Begjint it tôgjen no al? (ferhaal)

septimber 19, 2020 07:19

boarne: pixabay.com

Al in skoftke wie ik myn tomtom kwyt. No ja, kwyt. Ik koe him net fine.

Moandei op it wurk kaam ik derefter dat myn kompjûterbril net yn ’e brilledoaze siet. Ik hie fjouwer dagen frij west, dat ik hie him noch net mist. Hiel ferfelend. Fansels om’t ik it kompjûterskerm minder goed lêze koe, mar noch mear om’t ik der nije glêzen yn krije soe. Ik hie al belle mei it hotel yn Aduard, dêr’t wy ferline tongersdei foar in brochje oanstutsen hiene. Sy hiene gjin bril lizzen sjoen, mar ha myn telefoannûmer opskreaun foar it gefal dat. By muoike Wim, dêr’t wy op deselde dei west hiene, lei er ek net. Dy sei “Jimme ha ek by Rients west.” Skerp, ik hie der net oan tocht, mar it wie wol sa. Sneontejûn fierden Rients, Jelle en Imme dat se mei-inoar 84 waarden. Doe’t ik de voicemail krige, ha ik it boadskip ynsprutsen en in skoftke letter belle Rients werom. Ja, der lei al in bril by harren. “It is in pearsen”, sei ik. “Nee, in swarte”, sei Rients, “in goedkeap lêsbriltsje.” Ik hope noch dat er my foar de gek hie, mar dat wie spitigernôch net sa.

Tiisdei soe ik myn mobyl út de tas pakke, mar hy siet der net yn. O, dan leit er thús noch op ’e tafel, tocht ik. Mar nee, doe’t ik de jûns thús kaam, gjin mobyl te bekennen. Ik wist dat ik him tiisdeitemiddei yn Ferwert noch brûkt hie. Hooplik lei er dêr. Ik woansdeitemoarn belje mei myn kollega yn Ferwert en ja gelokkich, dêr lei er. In oare kollega moast dy deis nei Dokkum en naam him foar my mei. Ik bliid, want ja, sûnder mobyl kinne jo net telebankierje, net ynlogge, net appe en sms’e en fansels net belje. Dat lêste is hast noch it minst belangryk.

Myn bril wie lykwols noch hieltiten fuort. Ik soe ek net mear witte wêr’t ik sykje moast. Hy wie grif earne út myn tas fallen. Mar doe barde it. Pieter soe justerjûn noch efkes nei de winkel om’t wy net folle bôle mear yn ’e hûs hiene. Hy pakte de tas fan de kapstôk en rôp: “Moatst hjir ris komme.” En ja  hear, dêr lei myn bril! Op ’e kapstôk. Dêr hie ik no krekt net socht… Ik stiet my sa heal en heal by dat ik him dêr dellein ha, ik moast him doe efkes hurd kwyt.  Wêrom? Ik soe it net mear witte.

“It is mar goed dat de kont oan de rêch fêst sit”, sei Pieter, “oars bist dy ek nochris kwyt.” Hy is fansels noait wat kwyt, dat snappe jimme wol 😉

O ja, en de tomtom lei ûnder de passazjiersstoel fan myn auto.

Folkje Koster

septimber 19, 2020 07:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.