Antikwariaat Fryslân

septimber 1, 2020 15:48

It wie al dúdlik dat der ris in ein komme soe oan it bestean fan dy tige nijsgjirrige winkel, dêr yn Ljouwert, Antikwariaat Fryslân. En no stie yn de LC fan ôfrûne sneon dat de eigeners meikoarten, nei hast 35 jier, dermei ophâlde sille. Der lizze noch sa’n 30.000 boeken te wachtsjen op keapers!

As men dêr yn de winkel stiet, rinne in oantal saken daliks yn it each. De grutte en de breedte fan de winkel, de ordintlike wize fan it skikken yn rigen fan boeken op katagory fan talen en ûnderwerpen. Koartsein is it gjin rommeltsje.

Hoewol’t it hast net mear fan dizze tiid is, kin men dêr genietsje fan in oaze fan rêst en hat men alle romte, en dy moat men ek nimme om wat út te sykjen. In feest foar de leafhawwers, boekesneupers en samlers.

Sa’n oardel jier lyn gie de it antikwariaat De Boekensteun yn Langwar ticht en no hjir, dat der bliuwt net safolle oer om benammen twaddehânske Fryske boeken te keapjen. Yn Feanwâlden is noch Het Vergeet-Mij-Nietje. En fierder kin men bygelyks by de Omrinwinkels terjochte of fia it ynternet wat keapje. Mei fanwegen it feit dat de sutelaksjes fan Fryske boeken op dit stuit stillizze troch de koroanakrisis, komt de ferkeap noch mear yn ’e nederklits.

Der is hjoed-de-dei hieltyd wer in diskusje geande oft it Frysk sa stadichoan allinnich in sprektaal wurdt of dat it Frysk skriuwen, lêzen dochs bliuwt. De ferkeap fan nije Fryske boeken leit nammentlik al hast stil, mar de niget foar it Fryske toaniel nimt dêrfoaroer ta, ek troch de aktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018.

Advys: rin aansens ris dy winkel oan de Nijebuorren yn en stypje op dy wize ús taal, mar wachtsje dêr net te lang mei.

Matthijs Verkuijl

septimber 1, 2020 15:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.