‘Andere Tijden’ oer de spagaat fan Donald Jones

septimber 2, 2020 08:52 Fernijd

De rasisme-diskusje wurdt op it stuit drok fierd. Hoe oars is dat noch yn de fyftiger jierren! Yn it hast noch hielendal wite Nederlân ferskynt út it neat wei in swarte Amerikaanske akteur/dûnser op telefyzje. Yn it populêre fúljeton Pension Hommeles wurdt Donald Jones de earste swarte telefyzjestjer yn Nederlân.

Donald Jones (foto: Beeld en Geluid/NTR)

Donald Jones berikt yn ’e santiger jierren in miljoenepublyk as er meispilet yn ’e André van Duinrevues. Mar der is ek krityk op him. Him wurdt ferwiten hieltyd wer deselde besteande klisjees oer swarte minsken út te byldzjen: mei in brede laits, los yn ’e heupen en foaral net al te snoad.

Yn de útstjoering jûn fan Andere Tijden freget presintator Astrid Sy har ôf oft Donald Jones foar swarte akteurs it paad sljochte of dat er oan it stereotype byld beäntwurde. Oan dizze ôflevering wurkje ûnder oare mei: Joop van den Ende, produsint fan de André van Duinrevue, Gerda Havertong, âld-kollega fan Donald Jones en Anna Tilroe, eks-leafde fan Donald Jones.

Fan hjoed, 2 septimber, ôf is Andere Tijden alle wiken op woansdeitejûn te sjen om 22.15 op NPO 2. De kommende wiken dûkt it programma de skiednis yn mei in rige nijsgjirrige ûnderwerpen, lykas Toppop, de striid tsjin tuberkuloaze en Klokken foar Amearika.

septimber 2, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.