Alternative Warnsbetinkingen

septimber 25, 2020 16:58

Foto: Stifting Slach by Warns 1345

De betinking fan de Slach by Warns sil dit jier net trochgean omreden fan de koroanagoarre. Mar it bestjoer fan de Stifting Slach by Warns wie fan miening dat de 75e betinking net samar foarby gean koe. Dêrom is der sneon 26 septimber middeis om 13.45 oere as alternatyf in spesjale útstjoering op Omroep Súdwest. Dy is te besjen fia kanaal 1343 by KPN, Xs4all en Telfort. En op omroepsudwest.nl. Sjoch hjir foar in taljochting.

Boppedat rint âld-sjoernalist, publisist en histoarikus Kerst Huisman sneontemiddei nei de stien as ienmansaksje foar in Fryske grûnwet; sjoch hjirre.

Oaren dy’t fan doel binne en organisearje wat by wize fan alternative Warnsbetinking, kinne dêr omtinken foar freegje troch soks ûnder dit berjocht by de reaksjes te melden.

septimber 25, 2020 16:58
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. S. H. Sieswerda septimber 26, 00:17

    Yn dizze tiid dêr’t dizenige globale krêften har yn optwinge en besykje om lokale belangen en behoeften te ferkringen is it just belangryk dat dizze dei betocht wurdt!
    Ik bin benijd wa’t der ek sa oer tinke en hjoed dochs komne!

  2. y. j. veenstra septimber 27, 21:46

    sa is’t en net oars

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.