Aksje foar in Fryskere Fryske Akademy
Resint ferskynd

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder
De Fryske Akademy moat ophâlde mei it sykjen om in bûtenlânske direkteur dy’t foar oansjen soargje moat. Der kin folle better in Fries oannommen wurde. Dy kin derfoar soargje dat it ûndersyksynstitút oan de Ljouwerter Doelestrjitte wer in stik Frysker wurdt.
Dat is it betinken fan in groep aksjefierders, dêrta oantrúnd troch it Feitsma Fûns. De groep wol kommissaris fan de kening Arno Brok freegje om syn ynfloed te brûken foar it oanstellen fan in direkteur dy’t wit hoe’t yn Fryslân de hazzen rinne. Neffens de aksjefierders hat de Fryske Akademy him tefolle rjochte op ‘e kontakten mei oare wittenskippers en te min mei de gewoane Friezen.
Graach net sûnder it bûtelân.