Aant Mulder: Rûnom om ús hinne

septimber 1, 2020 07:00

Kollum

Der is oer de útnûging foar de Fedde Schurerbetinking ‘Rûnom Fedde’ op sneon 15 augustus op ’t Hearrenfean aardich wat skreaun en wreaun. En no doch ik dêr ek noch oan mei. Benammen ien wurdsje moast it ûntjilde: rûnom. Guon tochten dat dat ferkeard wie; oaren seine dat it krekt sa bedoeld wie. It moat beide kinne, safolle is my wol dúdlik wurden út de reaksjes oangeande dat wurd. Ik leau Aant Jelle Soepboer fansels daliks as er Chris van Hes sizze lit: ‘Op it ynternet hie in selekt ploechje minsken al wer kommentaar op it wurd ‘rûnom’, dêr’t men fan betinken oer wie dat wy bedoelden ‘om Fedde hinne’. Mar dat is fansels net sa. Wy bedoele echt rûnom. Oeral. Mar wol oeral te min.’ Soepboer brûkt dus hjir rûnom as bywurd. Dat betsjut: oeral, op alle plakken. Ik begryp skoan dat guon rûnom as ferhâldingswurd opfetten. As ik earlik bin, die ik dat sels ek. Ik tocht dus ek, dat it wêze moast: om Fedde hinne.

Guon fan dy ferhâldingswurden kinne allinne fóár wurden en wurdgroepen stean. Tink oan: op, yn, efter en mear fan sokke wurdsjes. Der binne ek ferhâldingswurden dy’t net allinne foar mar ek efter wurden en wurdgroepen stean kinne. Tink oan: ‘Hy siet yn ‘e hûs’ en ‘Hy rûn ta de hûs yn’. ‘Hy rûn oer de brêge’ en ‘Hy rûn de brêge oer’. It foaroppleatste ferhâldingswurd jout in tastân oan. By efteroppleatsing wurdt in rjochting oanjûn. De tredde groep, dat binne de omslutende ferhâldingswurden dy’t foar it iene part foar in wurd of wurdgroep steane en foar it oare part derefter. Dêr wol ik it dus efkes oer ha. Der binne mear mooglikheden, mar dy lit ik gewurde.

Dy omslutende konstruksjes krije altyd in protte omtinken. Dat sei ik al. Se wurde likegoed gauris âldfrinzich fûn en mei dêrtroch reitsje se hieltyd faker yn it ferjittersboekje. Ik wol mei foarbylden besykje dúdlik te meitsjen wat ik bedoel. In hiel bekend foarbyld is fansels: ‘De seal is iepen fanôf acht oere’. Dat moat wêze: fan acht oere ôf. ‘Hy wennet tsjinoer de skoalle.’ Tsjinoer moat eins foaroer wêze en dan wurdt it: ‘Hy wennet foar de skoalle oer’. Noch in foarbyld. ‘Hy giet nei hûs ta’. By dit omslutend ferhâldingswurd litte we hieltyd faker it wurdsje ta wei. ‘Hy giet nei hûs.’ Ta beslút: by de dyk del, oan de bocht ta, om it hûs hinne, út it tsjuster wei. Der sille wol mear wêze, mar hjir wol ik it mar by litte.

‘Rûnom Fedde’ kin dus en ‘Om Fedde hinne’ hie ek in mooglikheid west

Dizze omslutende bywurdkonstruksje is lykwols hielendal net sa bysûnder. Yn ’t Hollânsk ha we deselde mooglikheden: Hij ging naar huis toe, van zeven uur af, om mar twa foarbylden te neamen. Dy mooglikheid komt nei alle gedachten yn it Frysk wol wat faker foar as yn it Hollânsk.

‘Rûnom Fedde’ kin dus en ‘Om Fedde hinne’ hie ek in mooglikheid west. Hawar, we geane ta op in situaasje dat we mei ‘rûnom’ beide betsjuttingen bedoele. Dat sil gjin skoften mear duorje. Ik kin my dus hiel goed foarstelle dat it brûken fan dat wurdsje reaksjes oprôp. Dat kaam my ek oer. Ik hie net allinne fragen oer ‘rûnom’, mar ek oer ‘Fedde’. As Fedde dêr sels stien hie, hie ik grif net fan Fedde sein, mar fan Schurer. Dat is ek sa’n feroaring. Hjoed-de-dei dookje we en brûke we eins allinne noch mar foarnammen. Dat wie yn de tiid fan Fedde Schurer grif oars. Ik ha der ek gjin idee fan wat er der sels fan fûn ha soe.

Yn dy tiid, de tiid fan Schurer, hearden we de minsken mei de efternamme oan te sprekken. Dus: Boomsma, Schoorstra, Hoekstra, Soepboer en frou Van der Ven en Schurer fansels. Gewoan de efternamme en by froulju de oantsjutting fan frou. Dus Schurer en de frou. Yn inkelde gefallen waard it mynhear en mefrou. Dêr falt wol mear oer te sizzen, mar dat is no net oan ’e oarder. Alles oerwagende hie ik moai fûn: Om Schurer hinne.

De betinking waard holden op it nije plak fan it stânbyld: Kerkstraat, Hearrenfean. Dat stie op de útnûging. Ik hie der, leau ‘k, Tsjerkestrjitte fan makke en It Hearrenfean fansels. Dêr stiet er no en dêre ha ik yn 1968 wenne, no ja, dêr wie ik yn ’e kost. Sa gie dat doedestiden. Myn Hearrenfeansk aventoer hat noch net in jier duorre. Ik hoopje dat Schurer it dêre by dy parkeargaraazje wat langer folhâldt. Mar as ik him wie, soe ik it dêr gau besjoen ha. Yn datselde jier dat ik yn it Hearrenfean wenne, ferstoar Schurer. Dat wist ik doe net, mar no wol.

DIzze kollum giet oer taal en dêr hie Fedde Schurer in dúdlike miening oer. Ik einigje dêrom mei de earste rigels fan ien fan syn bekendste gedichten:

Welke Taal spreekt u daar?

De tael fan mem en heit, fan beppe en pake,
De tael fan slachten her en ieuwen âld,
De tael dy’t mear as hokker frjemde sprake
Syn oanklang yn it hert fan Fryslân hâldt.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 29 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 1, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Joop Koopmans septimber 3, 09:01

    It is net ‘yn it Hearrenfean’ wenje, mar ‘op it Hearrenfean’ wenje

  2. Erwin2.0 septimber 4, 12:54

    Minsken, it wurdsje ‘rûnom’ yn de betsjutting ‘om … hinne’ is al sa âld. De organisaasje wist fan tefoarren dat dit komme soe…

    Gelokkich binne se by de JFM net as by de rest fan de Fryske beweging, want oars hienen se in healjier nedich hân om te eameljen oer dit iene wurdsje. Dan hie elk oraal klearkomme kind mei syn kennis fan it wurdsje ‘rûnom’. Nei it wurdsje ‘rûnom’ soenen se noch mear taalflaters sykje en der skande fan sprekke. Wêr giet it hinne mei it Frysk? Ferskriklik! Op dy wize wurde hiele gearkomsten folpraat, om úteinlik mei wize wurden fêst te stellen dat it oarspronklike ûnderwerp net mear aktueel is. Mar bliid dat de bewegers oer harsels binne! Sjapo!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.