Aant Mulder: Op wrâldreis of net

septimber 29, 2020 07:00

Kollum

Op ynternet fyn ik in side, mei de namme: ‘Op wereldreis door Nederland’. As ik wat op dy side omsneup kom ik by nammen as ‘Spaanse allure in Nieuw Vennep’, ‘De canyon van Twente’, ‘Dividivi’s in de duinen’. It magazine ‘Wereldreis Friesland style’ (Friesland.nl/wereldreis) dat we okkerwyks allegearre troch de bus krigen, docht itselde foar Fryslân. Dat wol de minsken yn Fryslân op wrâldreis stjoere, krekt as kinne we dêr net sûnder. Dêrom ferliket dat magazine ús toeristyske attraksjes mei de moaiste attraksjes rûnom yn de wrâld. Ik wit net goed wat ik dêrfan tinke moat. Yn dat magazine wurde dy grutte toeristyske attraksjes fan rûnom yn de wrâld ferbûn mei ús saneamde ‘selling points’. Ik freegje my ôf oft we sels as toerist yn eigen provinsje om ús hinne sjen moatte of dat toeristen fan om utens tinke moatte dat it hjirre allegearre grutte attraksjes binne.

Is it de bedoeling dat wy as toeristen by it sjen fan de Wetterpoarte yn Snits tinke dat we op de Towerbridge steane of dat we op it Murnserklif tinke dat we op de Cliffs of Moher steane? Dat wurdt him net. It is moai betocht, mar it binne tagelyk net te ferlykjen attraksjes. Foar toeristen fan om utens wurdt soks him ek net. Swarte Haan is wat oars as de Outback en in preamfeart troch Ljouwert is ek net te ferlykjen mei in gondelfeart troch it Canal Grande yn Venetië. Foar wa’t sokke ferwachtingen hie wurdt dat dus in ôfdijer.

Fan de twa mooglikheden liket my de earste dus de bedoeling te wêzen. It magazine hat ommers de namme ‘Wereldreis Friesland style’ meikrige. Dat betsjut grif dat we yn eigen omkriten op in sabeare wrâldreis moatte om ús dan yn te byldzjen dat wat wy besjogge like moai is of noch moaier as wat we oars op wrâldreis besjen soene. Dy fakânsjes, sokke reizen om utens, dat wurdt him no net. Dat hat fansels alles te krijen mei koroana. Dat hat ommers fan gefolgen dat grutte parten fan de wrâld oranje en reade kleuren ha en dus net bereizge wurde kinne. No, dan samar!

Dat magazine, dat fernuvere my daliks. It giet oer ús provinsje, mar der stiet eins net in wurdsje yn ús eigen taal yn. No ja, wat wier is moat sein wurde. Op de foarkant stie ‘moai fuort’ en fierder kom ik it wurdsje ‘grutsk’ tsjin. En, o ja, ‘nog meer moai spul’. Derfoaroer stiet dan wer dat de eigen provinsje Fryslân ‘Friesland‘ neamd wurdt. It sil jimme net fernuverje dat yn dat Hollânske magazine mear Ingelsk as Frysk stiet. Blêdzjend en lêzend wurdt my dúdlik dat it om ússels giet. Der stiet ommers: ’Voor een wereldreis hoef je helemaal het land niet uit.’

De Fryske taal, dêr’t men fan tinke soe dat dy foar de hân leit,
giet beskûl efter it Hollânsk en it Ingelsk
.

Nuver, ‘Wereldreis Friesland style’ is foar ús, de ynwenners fan Fryslân ornearre. De Fryske taal, dêr’t men fan tinke soe dat dy foar de hân leit, giet beskûl efter it Hollânsk en it Ingelsk. Dêr liket it yn alle gefallen aardich op. Datselde jildt eins foar de moaiste plakjes, doarpen en stêden yn ús provinsje. Dy geane beskûl efter ynternasjonale bestimmingen, krekt as ha ús moaie plakjes soks nedich. No wurde we oproppen om de Aldehou fan Ljouwert te besjen. De toer fan Pisa moat ús dêrta ynspirearje. De bosk by De Sweach moatte we hinne wolle om in alternatyf foar Kanada te hawwen.

Dy ferlikingen doge net. De moaie plakjes yn Fryslân binne fan harsels moai. It is fan twaen ien: As men nei Drylts ta reizget om de prachtige fontein ‘De ûnstjerlike blommen’ te besjen, moat men dat net dwaan om’t men graach de Trevifontein yn Rome sjen wol. Dy ferliking doocht út soarte fan gjin kant. Oarsom ek net. By de blommefontein sil nimmen bylden fan de Trevifontein krije en dêr daliks hinne wolle. Ik kin wol mear foarbylden neame, mar ik tink dat it sa wol dúdlik is.

Drylts, Fontein. Foto © Aant Mulder

Ik krij suver it gefoel dat ik my skamje moat foar myn taal, foar de moaie plakjes, doarpen en stêden. It magazine ropt oan de iene kant dus skamte op en oan de oare kant faaks langstme nei de grutte attraksjes rûnom yn de wrâld, benammen nei dy toeristyske ‘selling points’ dêr’t men noch net west hat.

Aldehou yn it ljocht. Foto © Aant Mulder

Wat is der eins mis mei it oproppen fan in thúsgefoel. De efterlizzende gedachte bliuwt deselde. Wy kinne net sa maklik de wrâld yn ’t rûn. Dat hoecht net slim te wêzen, want thús is it ek moai. Dêr hie in prachtich toeristysk magazine foar ús allegearre mei omtinken foar ús eigen taal fan makke wurde kinnen. ‘Visit Friesland’ hie dan wurde kinne: Besjoch de eigen omkriten ris no’tsto dêr de tiid foar hast. Dan hiene we grutsk wêze kinnen, no net.

It magazine falt ôf, mar hoe’t Omrop Fryslân yn de eigen taal op basis fan Friesland.nl/wereldreis omtinken freget foar de eigen omkriten is likegoed wol hiel aardich. De moaie plakjes, doarpkes en stedsjes meitsje dochs wol nijsgjirrich, benammen dy plakjes dêr’t men noch net west hat. Tagelyk betink ik dat Omrop Fryslân grif foar deselde organisaasjes reklame makket as dy fan it magazine. Dy meidoggers oan ’Visit Friesland’ sil ik mar net allegearre neame. Mar as it op Omrop Fryslân wol yn it Frysk kin, wêrom kin dat yn it magazine dan net? Wa’t moai fuort wol, moat by de Omrop wêze!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 26 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 29, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. jangerben septimber 29, 18:04

    Hielendal mei iens Aant.

  2. Ed Knotter septimber 30, 11:45

    Moai kritysk stik; gaadlik foar yn De Nije.

  3. Nanne oktober 2, 20:35

    De websside https://www.friesland.nl/nl/uitgelicht/wereldreis-in-friesland kiest deselde healwize ynfalshoeke en is dúdlik al ornearre foar Nederlanners bûten Fryslân. No snapt elkenien wol dat geologysk monumint Bouwepet net te ferlykjen is mei Stonehenge, om noch mar ien fan de absurde foarbylden oan te heljen, dat de lju sille harren sels de ôfdijer wol besparje, mar sa’n kampanje is dus folslein bespotlik en sil gjin inkele ekstra toerist opsmite. Weismiten jild.

    Mocht dat noch net genôch wêze om de betinkers fan dy ridikule kampanje dien te jaan, dan fertsjinje se it beslist om de sek op te krijen om’t se it Frysk net neame (op ien wurdsje nei). Want de taal is no ommers just it foarnaamste elemint fan ús provinsje dat by besikers in bûtenlângefoel yn eigen lân opropt!

    As men dan noch siket tusken de ferskate talen dêr’t de side yn oanbean wurdt, blykt wrammels it Frysk der tusken te stean. Mar wa’t dêr op klikt, moat wer ûnderfine dat ús eigen taal amper meitelt. Want der stiet, letterlik: “Leuk dast der bist, mar sjoch foar de lêste ynformaasje op de Nederlânske side.”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.