Aant Mulder: In boartlike kollum

septimber 15, 2020 07:00

Kollum

Okkerwyks hearde ik in hiel ferhaal oer ‘stoepranden’. Dat hie alles te krijen mei it kampioenskip ‘stoepranden’, dat Smellingerlân op woansdei 9 septimber organisearre. De gemeente wol bûtendoar boartsjen stimulearje. Dêr kin ik it allinne mar mei iens wêze. By dat spultsje giet it derom dat de bal fan de iene kant fan de strjitte nei de oare kant goaid wurdt. De bal moat krekt tsjin de stoeperâne oankomme, sadat er werom stuitet of rôlet. Dat smyt punten op. Yn dat petear oer ‘stoepranden’ hearde ik ek dat generaasjes dat spultsje spile hawwe soene.

Ik wit wol dat ús bern de bal gauris hinne en wer goaiden, fan de iene stoeperâne nei de oare, mar dat dat spultsje generaasjes lang derta dien hat, dat wie nij foar my. Dat wol my eins ek net oan. Dan komme my wol oare spultsjes yn ’t sin. It tink oan hoepeljen, steltrinnen, sleatsjespringen, hinkeljen, bokjespringen, toudûnsjen, topjen, knikkerjen, lantsje pik. Der binne grif noch wol mear, mar dy lit ik mar gewurde. Hawar, ik wol stoeperânjen, sa’t it op Omrop Fryslân ek neamd waard, wol yn dat rychje sette, mar dan moat ilestyktwist der fansels ek by. Wat foar dat balspul dien wurdt mei om my ek foar al dy oare spultsjes dien wurde: kampioenskippen organisearje. Gewoan om sa te stypjen dat der mear bûtendoar boarte wurdt.

It soene likefolle mooglikheden wêze kinne om omtinken te jaan oan it Frysk. Wy ha wat mei dy spultsjes. It begjint der al mei dat we foar dat dwaan twa en eins wol trije tiidwurden ha: boartsje, spylje en spulje. It nijste tiidwurd ‘game’ lit ik gewurde. Fan dat ‘gamen’ komt it ommers dat dy oare spultsjes sa stadichoan yn it ferjittersboekje reitsje. En dat wylst wy krekt sa’n boartlik folkje binne. Trije tiidwurden, wylst de talen om ús hinne mar ien tiidwurd ha: Ingelsk: play, Dútsk: spielen, Frânsk: jouer en Hollânsk: spelen. Om it noch efkes dúdliker te formulearjen: yn it Hollânsk ‘De kinderen spelen op het plein. Ze spelen met poppen.’ Dat is by ús: ‘De bern boartsje op it plein. Sy boartsje mei poppen.’ As yn it Hollânsk praat wurdt fan ‘pianospelen’ en ‘toneelspelen’ en sa, dan prate wy ek fan spyljen, pianospyljen en toanielspyljen.

It tiidwurd spulje liket my wat fan letter tiden, mar witte doch ik dat net Dat tiidwurd is fansels keppele oan spultsjes, selskipsspultsjes. Wy soene sizze kinne dat we in spultsje spylje. Dat dogge we ornaris net. Dat kin ommers samar ferkeard begrepen wurde. Wy dogge in spultsje of wy meitsje fan de namme fan dat spultsje in tiidwurd: Wy damje, skake, kaarte en sa fierder. Foar dat soarte fan spultsjes kinne we neffens my hiel goed it tiidwurd spulje brûke. Ik hear wolris sizzen: ’Wy meie jûns graach efkes spulje.’ Fierder falt der oer dat tiidwurd net folle te sizzen. Dat is hiel oars as it om it haadwurd spul giet, mar dan giet it om hiele oare betsjuttingen. Men kin fan spuljen spul krije.

Fan dat ‘gamen’ komt it ommers dat dy oare spultsjes sa stadichoan yn it ferjittersboekje reitsje.

De tiidwurden boartsje en spylje binne ús folle eigener. Dy komme yn de taal ek folle mear foar. Boartsje, dat dogge bern en jonge bisten ornaris. Der binne ek oare betsjuttingen. Ien foarbyld: De measten fûnen dat in dreech karwei, mar hy boarte dermei. Hy hoegde dus net folle muoite te dwaan. By boartsjen hearre wurdsjes lykas: boartersguod, boartersguodwinkel, boarterskertier, boarterstún. Ik neam dy wurdsjes mei opsetsin, omdat we, as we der net goed om tinke, hieltyd faker it Hollânske ‘speel’ liene. Tink mar oan: speelkertier en speeltún. Dat moat fansels net!

Spylje hat in noch grutter ferskaat oan betsjuttingen. Dat tiidwurd hat mei spultsjes en mei opfieren en útfieren te krijen, mar der binne ek aardich wat oare betsjuttingen. Yn dy gefallen brûke we it tiidwurd spylje ornaris los fan oare wurden. Kar-út genôch. Dat begjint al mei: immen yn de kaart spylje, wat dwaan wat foar dy oar geunstich is. Fierder: de earste fioele spylje, ûnder ien huodsje spylje, moai waar spylje, it spilet by Dokkum. As we it tiidwurd spylje keppelje oan in haadwurd, dan giet it gauris om spultsjes of om de keunsten. Wy krije dan: kaartspylje, pianospylje, toanielspylje en sa fierder.

No ha ’k it allinne noch mar hân oer de tiidwurden en noch net iens oer de spultsjes sels. Dy spultsjes komme ek fakenfolle yn de wurdboeken foar. Ik begjin mei knikkerjen. It haadwurd knikkert fine we werom yn: It is knikkert op ’e kant. Alle knikkerts net op ien pot sette. Der is stront oan ’e knikkert. Dat binne útdrukkingen dy’t we wol begripe. As ik by oare boarterswurden sykje, dan fyn ik by hinkeljen of hinkjen ek moaie útdrukkingen: Net ien hinket om in oar syn seare foet. Dat wurdt wol sein as bedoeld wurdt: Oarmans leed hat men net al te folle lêst fan. Noch ien: Dan soe men hinkelje moatte (as men net in twadde gleske kriget). Wy sizze ek wolris: op ien foet kin men net gean. Dat komt op itselde del.

It is moai om de spultsjes om de spultsjes sels yn eare te hâlden. Dêr komt noch by dat spultsjes in ferriking fan de taal binne. Dat betsjut dat sa’n kampioenskip stoeperânjen altyd wêze moat. Dat wurd soe ek yn it wurdboek opnommen wurde moatte. Stoeperâne stiet der al yn. Wat sei, foar al dat soarte fan spultsjes, benammen sokken dy’t bûtendoar spile wurde, soene kampioenskippen komme moatte. Dat is goed foar de spultsjes, goed foar de bern en goed foar de taal.

Foto’s: Aafke Carels
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 12 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 15, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.