Aant Mulder: Binne der gjin Fryske tûzenpoaten mear

septimber 22, 2020 07:00

Kollum

Binne der gjin Fryske tûzenpoaten mear? Dy fraach, dêr kom ik op om’t de FA (Fryske Akademy) al in skoftke dwaande is om in nije direkteur foar syn ynstitút te finen. In earste advertinsje hat gjin gaadlike reaksjes opsmiten. Guon kandidaten koene wol in foldwaande, mar gjin 8+ krije, lies ik earne. In twadde oprop is dêrom sa formulearre dat ek tûzenpoaten fan om utens derop skriuwe kinne. Hast alle poaten bliuwe fan belang, mar mei in pear kin it wat lije. Dan ha we it oer de Fryske taal en kultuer, de Fryske maatskippij. Gadingmakkers hoege it Frysk net mear yn ’e macht te hawwen, mar moatte dy taal wol sa gau mooglik leare wolle. Dat lêste, dêr ha ik noed oer en ik net allinne. Woansdei 16 septimber hat drs. Redbad Veenbaas fan It Feitsma Fûns, in petysje oan de kommissaris fan de Kening Arnold Brok en oan de ferantwurdlik deputearre Sander de Rouwe oanbean. Dêre wurdt yn steld dat it net yn it belang fan de Akademy is, dat in wittenskipper fan om utens oansteld wurdt. Dy petysje waard yn koarte tiid tekene troch sa’n hûndert minsken. Ik ha ek tekene.

Ik ha wat mei de Fryske Akademy. Ik ha oan de Noardlike Leargongen, dy’t yn 1947 troch de Akademy oprjochte waarden, Frysk studearre. Ik kaam dêrtroch yn ’e kunde mei leararen dy’t ornaris har deistich wurk op de Akademy sels hiene. Yn dy tiid waard my dúdlik dat de Akademy troch in grut ferskaat oan wurkferbannen prachtige kontakten lei tusken wittenskiplike meiwurkers en sneupers. Ik ha oan twa meidien. Guon fan dy ferbannen besteane noch altyd, mar dogge der no minder ta as doedestiden.

De FA realisearre it FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum), dat no in ûnderdiel fan Tresoar is. It Pedagogysk Advysburo is in oar foarbyld, Dat advysburo waard letter it MSU (Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegeliedingstsjinsten) en giet no, privatisearre, as Cedin troch de tiid. Der binne mear foarbylden te neamen. Dat dwaan fan de Akademy – it omtinken foar de Fryske taal en kultuer, de skiednis, de Fryske maatskippij oan de iene kant en de wittenskiplike stúdzjes oan de oare kant – makke fan de Akademy in ynstitút dat der yn en bûten Fryslân ta die.

De Fryske dingen diene der stadichoan hieltyd minder ta
en de Fryske maatskippij rekke op de eftergrûn

Dat is linkendewei feroare. Dat de Akademy yn 1990 ûnder de wjukken kaam fan de KNAW (Koninklijke Akademie van Wetenschappen) hat in kearpunt west. Sûnt dy tiid wie it net mear it Ryk, mar de KNAW dy’t rêde mei de ryksfinânsjes en it tafersjoch fan dy kant. De KNAW hâldt him dwaande mei wittenskip, dat sil dúdlik wêze. It hoecht jin dêrom net te fernuverjen dat de Akademy mear in ynstitút foar de wittenskip waard. De Fryske dingen diene der stadichoan hieltyd minder ta en de Fryske maatskippij rekke op de eftergrûn.

foto © Aant Mulder

De Akademy hat altyd in prachtich ynstitút west en dat moat sa bliuwe. It ynstitút is ûnmisber foar de Fryske taal en kultuer, de Fryske skiednis. Sûnt de oprjochting yn 1938 makket de Akademy him dêr sterk foar. It begûn allegearre as in lyts ynstitút sûnder direkteur. It wiene gewoane saakkundige bestjoersleden dy’t de dingen regelen. Benammen de taalkundigen dr. Pieter Sipma en prof.dr. Jelle Hendriks Brouwer ha yn dat earste begjin as foarsitters in grut oanpart hân. Dyselde Brouwer waard yn 1956 de earste wittenskiplik direkteur. Hy waard yn 1964 opfolge fan mr.dr. Klaas de Vries, dy’t in protte omtinken hie foar de skiednis fan Fryslân. It waard tagelyk de tiid fan in wittenskiplik en saaklik direkteur. Keimpe Sikkema wie de saaklik direkteur. Twa Friezen, dy’t trochleard hiene! De Fryske maatskippij krige syn gerak. Dat wiene de sechstiger, santiger en tachtiger jierren fan de foarige iuw. Dêrnei waard de kar makke om it wurk mei ien wittenskiplik direkteur fuort te setten en doe kaam ek rillegau de KNAW yn byld. Mei dr. Lammert G. Jansma as wittenskiplik direkteur krigen wittenskip en ynternasjonale kontakten mei troch de bining  oan de KNAW mear omtinken. Dêrnei kamen prof.dr. Reinier Salverda en prof.dr. Hanno Brand. No is drs. Willem Smink al wer in pear jier ynterim-direkteur om’t it mei dy nije direkteur mar net slagje wol.

It brede ynstitút dat de Akademy, laat troch Friezen dy’t trochleard hiene, wie, is no in wittenskiplik ynstitút dêr’t hieltyd mear wittenskippers fan om utens har bêst dogge om it wittenskiplik nivo heech te hâlden. Hieltyd mear meiwurkers witte lykwols hieltyd minder fan de Fryske taal en kultuer, de Fryske skiednis en ha net folle mei de Frysk maatskippij. De direkteur liket samar it slútstik fan dat proses wurde te kinnen. Dat soe skande wêze. Der binne dochs noch wol Friezen dy’t trochleard ha en tagelyk de ambysje ha om direkteur fan de Akademy te wurden? Der binne grif ek wol meiwurkers fan dat ynstitút dy’t fan de kommisje gjin 8+, mar wol in foldwaande krige ha. Ik bin allinne bang dat dy meiwurkers te leech wurdearre binne en dus oer de holle sjoen wurde. Sa giet dat wol faker mei kwaliteit tichteby hûs.

Ik rop de kommisje op om alle kandidaten nochris tsjin it ljocht te hâlden en om in Fries fan tichteby of fan om utens mei in moaie foldwaande te beneamen. Sa’n beneaming hat de foarkar boppe gadingmakkers foar wa’t it Frysk en de Fryske maatskippij nij binne. Immen dy’t it Frysk noch leare moat, kin mei in Fryslândiploma net út ’e fuotten. Dat wurdt neat. Sokken kinne út soarte gjin foldwaande en al hielendal gjin 8+ krije. It giet om alle tûzen poaten fan de tûzenpoat!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 19 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 22, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.