46e Fryske Bûsboekje: alle tiid foar spultsjes

septimber 10, 2020 16:03

It nije Fryske Bûsboekje foar takomme jier leit yn ’e winkels! It hat spultsjes as tema, want spultsjedwaan helpt minsken troch de koroanatiden. It like de Bûsboekjeredaksje goed ta en jou de brûkers de kâns op ferdivedaasje yn dizze frjemde tiden. Wat helpt better as it dwaan fan spultsjes, al of net op oardel meter ôfstân fan de oare spilers.

Yn dizze nije edysje stiet ûnder mear in artikel fan Liuwe Westra oer it Frysk Damjen. Dat bestiet al iuwen en nei’t wol tocht wurdt langer as it Hollânsk damjen. Der is ynformaasje oer tippen en tipeljen en der steane riedsels yn. Alderwenst begjinne alle wiken mei in sechje lykas Gjin spul om in topke hea, dan de geit fuort, It is in spultsje fan Pynke en Nynke en Untdekst mear oer in persoan yn in oere spul as yn in jier konversaasje (Plato).

Dat Friezen en net-Friezen sûnt 1975 harren ôfspraken en kontakten yn it Frysk fêstlizze kinne, is te tankjen oan frijwilligers dy’t dêr om ’e nocht harren tiid oan jouwe en enerzjy yn stekke. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip de útjouwer, no is dat de Ried fan de Fryske Beweging. Fan it Bûsboekje 2020 binne wer goed 3000 stiks ferkocht.

De ôfrûne dagen is it Bûsboekje 2021 troch ús frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. It is ek yn guon plakken bûten Fryslân te keap. Wa’t it digitaal bestelle wol kin dat hjir dwaan en wurdt dan trochstjoerd nei de winkel fan friese-producten.nl. Gruttere ôfnimmers en winkels kinne neibestellingen regelje troch in mail te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.

septimber 10, 2020 16:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.