Hûndert hantekeningen ûnder petysje oer de “Koerts fan de Fryske Akademy 2020-2023”

septimber 15, 2020 15:15

Op woansdeitemoarn 16 septimber (9.45 oere) sil drs. Redbad Veenbaas, vice-foarsitter fan it Feitsma Fûns, de petysje “Koerts fan de Fryske Akademy 2020-2023” oanbiede oan deputearre Sander de Rouwe.

Direkte oanlieding ta de petysje wie it fraachpetear op Omrop Fryslân mei de foarsitter fan de sollisitaasjekommisje foar in nije direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Dêr bewearde prof. A. Visser yn dat de kommisje yn Fryslân gjin geskikte kandidaten fûn hie en dat dêrom no útdruklik socht wurdt nei in top-wittenskipper om utens wei.

De opstellers en de ûndertekeners fan de petysje binne fan betinken dat de nije direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy net allinnich in goede wittenskipper wêze moat, mar benammen ek goed funksjonearje kinne moat yn de bestjoerlike ferhâldingen yn Fryslân en Nederlân.

De jierrenlange, iensidige klam fan de KNAW op wittenskiplike kwaliteit hat net goed west foar de ynbêding fan de Fryske Akademy yn de Fryske mienskip en yn de Fryske netwurken fan ûndersyksynstituten en ûnderwiisynstellingen yn Fryslân.

De petysje ropt Deputearre Steaten op om mei faasje goede stappen te setten om de Fryske Akademy yn de BFTK 2023 in garandearre plak te besoargjen, dat rjocht docht oan de doelen dêr’t de Fryske Akademy yn 1938 foar oprjochten is.

Hjir is de petysje te lêzen: https://feitsmafuns.nl/petysje-fryske-akademy/petysje-frysk/

septimber 15, 2020 15:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.