Wykoersjoch koroanasifers 31 july oant en mei 6 augustus

augustus 8, 2020 08:23

Fan ’e wike is yn Fryslân it koroanasifer heger as yn de wiken dêrfoar: 17 ynwenners wiene besmet. Dat is it heechste tal sûnt 1 juny, doe’t elkenien mei klachten him teste litte koe. De wyks dêrfoar wiene der fjouwer nije gefallen. No’t de drokte by GGD Fryslân tanimt, wurde tachtich nije meiwurkers socht, benammen foar it boarne- en kontaktûndersyk.

GGD Fryslân en de Feilichheidsregio sitte oer de fersprieding fan it firus yn, foaral ûnder de jongerein. Ut de positive gefallen en boarne- en kontaktûndersiken docht bliken dat jongelju gauris in feestje hâlde. Dat is bygelyks te sjen yn Dokkum dêr’t it firus nei in feestje as diggelfjoer fierder gie.

Jongelju lykje net troch te hawwen dat se it firus yn ’e kroech en op feestjes opskypje kinne. Soms rinne se troch mei klachten en kinne se der op dy wize oan bydrage dat it firus him gauwer ferspraat. Dêrom dat GGD Fryslân en de Feilichheidsregio beklamje dat we allegear mei-inoar de sifers leech hâlde as jong en oud har wer oan de maatregels en rjochtlinen hâlde.

Nije meiwurkers nedich
De nije meiwurkers dy’t GGD Fryslân no siket, binne nedich om it firus yn te damjen as de koroanasifers wer oprinne. Dêr komt by dat GGD Fryslân op it stuit dy ûndersiken ek foar Rotterdam docht, dêr’t de drokte sa grut is trochdat de fersprieding dêr sa fluch tanimt. Op koarte termyn siket GGD Fryslân sa’n sechstich nije kollega’s foar boarne- en kontaktûndersyk. Der is ek ferlet fan tsien minsken dy’t yn testsintra koroanameunsters by minsken mei klachten ôfnimme kinne en ek nochris fan tsien triaazjeferpleechkundigen. Ynformaasje oer de werving is hjir te finen.
Dat Fryslân oare regio’s helpt is ûnderdiel fan de lanlike ôfspraken. Dat wie earder ek sa doe’t noardlike sikehuzen koroanapasjinten út it suden opfongen.

De sifers
Yn Fryslân binne fan ’e wike 2152 minsken op koroana test, 264 minder as de wike dêrfoar. Yn totaal binne no 667 ynwenners posityf test. Dizze wike wiene der ek wer gjin meldingen by de GGD oer minsken dy’t mei koroana opnommen wurde moasten en oer minsken dy’t deroan stoarn wiene. Dat lêste sifer stiet al sûnt begjin juny op 69. Fan de nije posityf teste persoanen wennet net ien yn in ferpleech- of fersoargingshûs.

Wa’t klachten hat, kin him foar in test melde fia 0800-1202 en op de Waadeilannen by de húsdokters. Salang’t de testútslach noch net bekend is, jildt it advys om dy thús ôf te wachtsjen, sels as dy, troch de drokte, langer op him wachtsje lit as meidield is.

augustus 8, 2020 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.